Penthouse Pet

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Penthouse Pets Navaeh, Melissa Jacobs, Heather Vandeven en Alexandra Karlsen.

In Penthouse Pet is is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Penthouse stiet as de Pet fan 'e Moanne. Dêrmei binne Penthouse Pets de tsjinfuotters fan 'e Playmates fan it konkurrearjende neakenblêd Playboy.

De fotoreportaazjes fan Pets fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en yn 'e regel ek in listke mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting pet is Ingelsk en betsjut safolle as "skatsje", mar hat in assosjaasje mei it tiidwurd to pet, dat "aaie" of "streakje" betsjut; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul.

Njonken Pets fan 'e Moanne steane der ornaris ek oare neakenmodellen yn 'e Penthouse dy't dy titel net drage. Oan 'e ein fan it jier wurdt der in Pet fan it Jier útkeazen, mar oars as dat by de Playboy Playmates it gefal is, kin it by Penthouse Pets ferskate jierren duorje nei harren earste fotoreportaazje as centerfold foar't se útornearre wurde as Pet fan it Jier.

Penthouse Pets fan it Jier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.