Bobbi Eden

Ut Wikipedy
Bobbi Eden
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bobby Eden, Bobbie Eden,
Vixen De Ville
echte namme Priscilla Hendrikse
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 jannewaris 1980
berteplak De Haach (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
www.bobbieden.com

Bobbi Eden, echte namme: Priscilla Hendrikse (De Haach, 4 jannewaris 1980), is in Nederlânsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en kollumniste.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eden makke har debút yn in pornografyske film yn 2001. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 100 pornofilms spile. Yn 2006 en 2007 wûn se de European X Award foar bêste Jeropeeske aktrise, resp. bêste aktrise út 'e Benelúks. Njonken har aktearwurk hat se posearre foar in stikmannich neakenblêden, wêrûnder de Nederlânske Penthouse, Club, Men Only en Soho. Fierders skreau hja yn it ferline kollums foar it neakenblêd Passie en it pornobledsje Chick. Op 't heden hat se in kollum yn 'e Panorama.

Eden spile yn 'e fideoklip fan it nûmer Watch Out, fan 'e Nederlânsk dj Ferry Corsten. Dêryn reest in petiterich lytse Corsten yn in radiografysk bestjoerbere reesauto om in reuseftige Bobbi Eden hinne, dy't de ôfstânsbetsjinning yn 'e hannen hat.

Under it WK fuotbal 2010 joech Eden frijwat opsjoch troch har oankundiging op Twitter dat se al har Twitterfolgers oraal befredigje soe as Nederlân kampioen waard. Dat ûnthjit hie in grutte taname fan har folgers ta gefolch. Lokkigernôch foar har liet it Nederlânske alftal it sitte.

Yn septimber 2012 krige Eden har eigen realityshow op 'e kabelstjoerder Meiden van Holland, fan Kim Holland. Har offisjele website heart ta it VNA-netwurk fan sites mei dy fan pornostjerren as Vicky Vette, Puma Swede, Julia Ann en Nikki Benz. Yn it foarjier fan 2014 brocht se in autobiografy op 'e merk wêryn't se neat efter hold. Letter datselde jiers wie Eden mei har man op 'e tillefyzje te sjen yn har eigen realitysearje Dubbel D in L.A., dêr't har freondinne Puma Swede ek oan meidie.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 European X Award wûn bêste Jeropeeske aktrise n.f.t.
2007 European X Award wûn bêste aktrise út 'e Benelúks n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste website fan in solo-aktrise n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.