Eve Laurence

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Eve Laurence
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Eve Laurence at Exxxotica NJ 2010 (1).jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Eve L., Eve Lawrence,
Eva Laurence
echte namme Melissa Ann Wilson
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 4 oktober 1985
berteplak Queen Anne (Marylân)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of the American Indian Movement.svg Yndiaansk
Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl,
pornoaktrise
jierren aktyf 20042005 & 2006 – no
offisjele webside
www.evelaurence.com

Eve Laurence, echte namme: Melissa Ann Wilson (Queen Anne (Marylân), 4 oktober 1985), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Iersk, Ingelsk en Yndiaansk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt gauris misstavere as Eve Lawrence, en hja har yn it ferline ek wurke ûnder de nammen Eva Laurence en Eve L. Laurence sette yn 2004 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt likernôch 2010 is se benammen aktyf as webcamgirl.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laurence waard yn 1985 berne yn Queen Anne, yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Hja groeide op yn in progressyf fermidden en sette yn 2003, koart nei har achttjinde jierdei, útein mei te wurkjen as neakenmodel. Dêrnjonken hie se in baan by in Mercedes-Benz-garaazje yn Annapolis en letter wie se koart as hierknipster yn in kapsalon wurksum. Yn 2004, doe't se njoggentjin jier wie, makke Laurence har debút yn in pornografyske film. Yn 2005 loek hja har tydlik wer út 'e pornoyndustry werom om har oplieding yn it heger ûnderwiis ôf te meitsjen en in hoart foar in hypoteekbank te wurkjen. Yn 2006 kearde se werom as pornoaktrise, hoewol't se it jiers dêrop fannijs in skoft wat oars die.

Eve Laurence.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Laurence sûnt 2004 yn totaal yn mear as 180 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Diabolic Video, Hustler Video, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Evil Angel, Digital Sin, Vivid Entertainment, Sin City, Wicked Pictures, Elegant Angel, Adam & Eve en Red Light District. Teffens hat se wol foar minder bekende studio's wurke, lykas Third Degree Films, Gina Lynn Productions, Pure Play Media, Taylor Wane Entertainment en Big Top Video. Fierders hat Laurence ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Brazzers en Reality Kings.

Laurence waard yn 2007 tegearre mei har tsjinspiler Chris Cannon nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste duo yn in sekssêne, foar harren gearwurking yn 'e film Janine's Been Blackmaled. Yn 2010 dage Laurence ferskate websiden foar de rjochter dy't profitearren fan it misstaverjen fan har namme, mei as gefolch dat dy dêrmei ophâlde moasten. Sûnt likernôch 2010 wurket se út en troch noch mei oan in pornofilm, mar is se yn haadsaak aktyf as webcamgirl op har eigen webside.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eve Laurence is blank en hat brune eagen en dûnkerblond oant brún hier, dat hja gauris blondearret of read fervet. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Se hat kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Fierders hat se in nâlpiercing en in tattoeaazje op har rêch tusken har skouderblêden.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 AVN Award nominearre bêste duo yn in sekssêne (film) (mei Chris Cannon) Janine's Been Blackmaled

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: