Jenna Brooks

Ut Wikipedy
Jenna Brooks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bambi Bliss, Heather St. Claire,
Krystal Starr, Heaven St. Clair,
Heaven St. Claire, Bambi,
Jenna St James, Jezebelle Foxxx
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 april 1983
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
www.clubjennabrooks.com

Jenna Brooks, echte namme ûnbekend (Los Angeles, 16 april 1983), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Sjeroky-Yndiaansk etnysk komôf. Hja makket ek in protte gebrûk fan 'e artystenamme Bambi Bliss, en is ûnder dy namme teminsten like bekend as ûnder Jenna Brooks. Fierders hat se ek wurke ûnder de nammen Bambi, Krystal Starr, Heather St. Claire, Heaven St. Clair, Heaven St. Claire, Jenna St James en Jezebelle Foxxx.

Jenna Brooks.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de measte boarnen waard Brooks yn 1983 berne yn it Kalifornyske Los Angeles, mar ien boarne, de Internet Movie Database (IMDb), hâldt út dat se berne is yn Stoughton, yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Massachusetts. Nei eigen sizzen hie Brooks mei 18 jier, yn 2001, foar it earst seksuële omgong mei in man, en datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Brooks sûnt yn krapoan 90 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Hustler Video, Elegant Angel, Red Light District, New Sensations, Devil's Film, Zero Tolerance, Anabolic Video en Adam & Eve.

Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Seymore Butts Home Movies en Afro-Centric Productions. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar ferskate neakenblêden. Brooks wist al rillegau in grutte skare fans te winnen, wat mei te tankjen wie oan wielderige foarmen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 60 kg en in natuerlike kupmaat 36D.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Jenna Brooks
(in) Biografy en filmografy fan Jenna Brooks yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Jenna Brooks yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Jenna Brooks yn 'e Adult Film Database (AFD)
(in) Biografyske gegevens fan Jenna Brooks op FreeOnes

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: