Tabatha Cash
Tabatha Cash | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Tabatah Cash, Tabitha Cash, Tabetha Cash, Tabatha, Céline, Céline Duval, Lydia Céline, Celine Lydie, Celyne Lidie | |
echte namme | Céline Barbe | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 27 desimber 1973 | |
berteplak | Saint-Denis (Frankryk) | |
etnisiteit | Japansk Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1990 – 1996 | |
offisjele webside | ||
www.tabathacashxxx.com |
Tabatha Cash, echte namme: Céline Barbe (Saint-Denis, 27 desimber 1973), is in Frânsk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek aktyf wie as mainstream-filmaktrise en radiopresintatrise. Se hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Tabatha, Tabatah Cash, Tabitha Cash, Tabetha Cash, Céline, Céline Duval, Lydia Céline, Celine Lydie en Celyne Lidie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tabatha Cash waard berne as de dochter fan in Japanske heit en in Italjaanske mem yn it Frânske Saint-Denis, in noardlike foarstêd fan Parys yn it departemint Seine-Saint-Denis. Hja groeide op yn earmoede en makke har al jong skuldich oan bûsehifkjen. Doe't se fyftjin jier wie, waard se arrestearre foar winkelstelderij en oare fergripen. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 1990; se hie elkenien wiismakke dat se mearderjierrich wie, mar feitlik wie se doe santjin jier. Har pornokarriêre kaam pas echt fan 'e grûn nei't se yn 1993 in Hot d'Or (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis) wûn hie yn 'e kategory bêste nije Jeropeeske stjer. It jiers dêrop wûn se nochris in Hot d'Or, diskear foar bêste Jeropeeske aktrise.
Tabatha Cash spile neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn har karriêre yn 78 pornofilms, foar labels as Private, Rosebud, Vivid Entertainment, 4-Play Video, Sin City, Las Vegas Video en Anabolic Video. Yn 1995 troude hja mei Frank Vardan, in útjouwer fan pornografyske blêden, en it jiers dêrop loek hja har werom út 'e pornoyndustry. Njonken har karriêre yn 'e hurde pornografy hie Tabatha Cash ek de haadrol yn in hantsjefol sêft pornografyske tillefyzjefilms út 'e rige Emmanuelle. Fierders wie se fan augustus 1994 ôf in hoart presintatrise foar de Frânske radiostjoerder SkyRock Radio. Ek wie se te sjen yn 'e mainstream-film Raï, út 1995, wêryn't se de haadrol ferfolle as in jonge Algerynske frou.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1993 | Hot d'Or | wûn | bêste nije Jeropeeske stjer | n.f.t. |
1994 | Hot d'Or | wûn | bêste Jeropeeske aktrise | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Tabatha Cash
- (in) Biografy en filmografy fan Tabatha Cash yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Tabatha Cash yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |