Savannah (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Savannah
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Savannah db autocolor.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Silver Cane, Silver Kane,
Savanah, Silver
echte namme Shannon Michelle Wilsey
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 9 oktober 1970
berteplak Mission Viejo (Kalifornje)
stoarn 11 july 1994
stjerplak Burbank (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19901994
offisjele webside
gjint

Savannah, echte namme: Shannon Michelle Wilsey (Mission Viejo (Kalifornje), 9 oktober 1970Burbank (Kalifornje), 11 july 1994), wie in Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Silver Cane, Silver Kane, Silver en Savanah. Se moat net betize wurde mei de Amerikaanske pornoaktrise Savanna Samson, of de Britske pornoaktrise Savannah Gold.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Savannah waard berne yn Mission Viejo, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Se makke yn 1990 har debút yn in pornografyske film en waard al gau ien fan 'e populêrste pornostjerren fan har tiid. Har artystenamme ûntliende se nei't it skynt oan 'e spylfilm Savannah Smiles, út 1982, dat ien fan har leaflingsfilms wie. Savannah waard berucht, sawol oangeande har rollen yn 'e 119 pornofilms dêr't se yn spile, as fanwegen har priveelibben. Sa hie se relaasjes mei muzikant Gregg Allman, komyk Pauly Shore, bassist Billy Sheehan, gitarist Slash en mei Vince Neil fan 'e band Mötley Crüe. Ek hie se in duorjende lesbyske relaasje mei kollega-pornoaktrise Jeanna Fine, op wa't se sei oant oer har earen fereale te wêzen.

Yn 1991 tekene Savannah in eksklusyf kontrakt mei it label Vivid Entertainment. Mar psychysk koe se it net bolwurkje. No't se grou jild fertsjinne, begûn se it like hurd wer út te jaan en kaam se al rillegau yn 'e finansjele swierrichheden. Se rekke oan 'e drugs en waard mei dêrtroch sa ûnbrûksum dat Vivid har kontrakt yn 1992 ôfbriek. Se bleau lykwols wurksum yn 'e pornoyndustry en liet twaris har boarsten fergrutsje. Nei in auto-ûngemak begie hja yn har hûs yn Burbank, by Los Angeles, op 11 july 1994 selsmoard. Savannah waard 23 jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.