Savannah Gold

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Savannah Gold
SavanahGold.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Savanah Gold
echte namme Nathalie Heck
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 29 oktober 1984
berteplak  ?, Yorkshire (Ingelân)
stoarn 17 oktober 2011 (?)
stjerplak  ?, Yorkshire (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf ±20042009
offisjele webside
www.savannahgoldxxx.com (deade link)

Savannah Gold, echte namme: Nathalie Heck (Yorkshire, 29 oktober 1984 – dêre, 17 oktober 2011), wie in Britsk neakenmodel en pornografysk aktrise. Har artystenamme waard ek wolris misstavere as "Savanah Gold". Se moat net betize wurde mei de Amerikaanske pornoaktrise Savannah. Der bestiet ienige twifel oer har dea.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Savannah Gold wie hikke en tein yn Yorkshire, yn noardlik Ingelân. Se kaam yn 'e pornoyndustry telâne doe't se om 2004 hinne úteinsette mei it meitsjen fan amateurpornografy ûnder har eigen namme. Ek wurke se wol as callgirl. Nei ferrin fan tiid sleat hja op pornografysk mêd foar beheinde tiid in eksklusyf kontrakt ôf mei it Britske label Bluebird. Yn 2006 emigrearre se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Se liet har boarsten fergrutsje, naam de artystenamme "Savannah Gold" oan en begûn yn profesjonele pornografyske films te spyljen, foar labels as Hustler, Diabolic Video, Evil Angel, New Sensations, Digital Sin en Red Light District, en teffens foar ynternetsites as Brazzers en RealityKings. Gold spile neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 67 pornofilms. Yn 2006 wûn se priis foar bêste aktrise by de útrikking fan 'e UK Adult Film and Television Awards. Yn 2009 sleepte se in nominaasje foar in AVN Award yn 'e wacht.

Datselde jiers noch loek Savannah Gold har werom út 'e pornoyndustry. Se kearde werom nei Ingelân, dêr't se har yn 't earstoan nei wenjen sette yn 'e Londenske wyk Lambeth. Yn july 2010 trof de plysje, ynskeakele troch buorlju dy't kjel wurden wiene fan in alderheislikst leven, by Savannah Gold thús de eardere pornostjer neaken en bliedend oan. Se wie heal smoard mei in tou en mei in blompot op 'e plasse slein, mar net, sa't letter wol sein waard, de kiel trochsnien. De dieder, in Shohidul Islam, 26 jier âld en bewapene mei in mês, koe op it plak sels troch de plysje ynrekkene wurde. Hy hie earder dy deis twa bookmakers berôve mei in neppistoal en wie doe Gold har hûs binnenkrongen. Hy joech ta dat er skuldich wie oan berôving en oan ferwûning mei opsetsin. Hy waard letter feroardiele ta minimaal acht jier selstraf. Dit berjocht waard ôfprinte yn it Britske bûlevaarblêd The Sun, mar begûn neitiid op it ynternet al rillegau in eigen libben te lieden. Der ferskynden alderlei nearne op basearre geroften dat Savannah Gold de kiel trochsnien wie, en dat se dea wie. Dêr wie (doe) neat fan oan.

Nei har rêding troch de plysje brocht Gold in pear moanne troch yn Spanje om te bekommen. Letter skynt se út Londen wei ferhuze te wêzen nei Yorkshire ta. Dêr soe se op 17 oktober 2011 stoarn wêze oan in oerhaal. It is lykwols net folslein dúdlik oft dat ek wier sa is. Der geane op it ynternet ferhalen dat Gold folslein brekke woe mei it ferline en dat se dêrom sels it berjocht oer har dea de wrâld yn stjoerd hat.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 UK Adult Film and Television Award wûn bêste aktrise n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne Oil Overload 1

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: