Lexi Diamond

Ut Wikipedy
Lexi Diamond
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lexxi Diamond, Flexy Lexi
echte namme Stephanie Fone
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 desimber 1990
berteplak Palmdale (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
gjint

Lexi Diamond, echte namme: Stephanie Fone (Palmdale (Kalifornje), 28 desimber 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Meksikaansk komôf, dy't har skûlnamme ek wol staveret as Lexxi Diamond, en dy't ek wol wurke hat ûnder de namme Flexy Lexi. Hja sette yn 2009 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Diamond wennet yn Los Angeles.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diamond waard yn 1990 berne yn in Latino-gesin yn Palmdale, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja hat twa jongere susters. Doe't har freon wurkleas rekke, besleat Diamond yn 2009 om in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te begjinnen. Dêrta naam se kontakt op mei Jim South fan it ympressariaat World Modeling, dy't har daliks ynskreau.

Ein 2009, doe't se njoggentjin jier wie, makke Diamond sadwaande har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in fjirtichtal films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Red Light District, Devil's Film, Pure Play Media, Zero Tolerance, New Sensations, Digital Sin en Third Degree Films. Diamond hat lykwols folle mear wurksum west foar ûnderskate pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Reality Kings, Naughty America en Muffia. Njonken har aktearwurk is Diamond ek aktyf as neakenmodel.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diamond stiet bekend om har ranke, atletyske lichemsbou en har koarte stal, dy't har mei-inoar ta mar in stek-yn-'e-bûs meitsje. Hja is blank en hat blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 43 kg. Diamond hie oarspronklik in A-kup, mar ûndergie yn maaie 2010 in boarstfergruttingsoperaasje ta in beskieden kup 34C. Se hat gjin piercings of tatoeaazjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: