Brún hier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aktrise Jennifer Connolly hat brún hier.

Brún hier is de op ien nei meast foarkommende soarte fan minsklik hier, nei swart hier. Dizze hierkleur docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan hiel ljochtbrún oant frijwol swart. Brún hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it mear fan it dûnkere pigmint eumelanine befettet en minder fan it bleke pigmint feomelanine. Brune hierren binne tsjûker as blûne hierren, mar minder tsjûk as reade hierren. Froulju dy't brún hier hawwe, wurde gauris oantsjut as brunettes of brúntsjes (brunette is de sjikere, Frânske foarm fan "brúntsje").

Brún hier komt foar mank in grut tal minsklike populaasjes yn 'e Westerske wrâld, benammen by lju dy't út Midden-Jeropa, Noardwest-Jeropa, de Britske Eilannen, East-Jeropa en Súd-Jeropa komme of dêrwei ôfstamje (wat teffens in grut part fan 'e befolking fan Noard- en Súd-Amearika, Súd-Afrika en Australaazje omfiemet). Fierders is brún hier ek tige gewoan ûnder Australyske Aborizjinees en Melaneziërs, út it gebiet fan 'e súdwestlike Stille Oseaan.

Tinten fan brún hier kinne wêze:

  • auberzjine
  • djipbrún
  • dûnkerbrún
  • dûnkerkastanjebrún
  • ebben
  • goudbrún
  • hazzenútkleurich
  • jiskebrún
  • koperbrún
  • ljochtbrún
  • ljochtkastanjebrún
  • mahoanjebrún
  • middelbrún
  • readbrún
  • roastbrún
  • sûkelarjebrún
  • wâlnútkleurich

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.