Jordan McKnight

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jordan McKnight
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Jordan McKnight.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 april 1974
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19941998
offisjele webside
gjint

Jordan McKnight, echte namme ûnbekend (yn 'e Feriene Steaten, 7 april 1974), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hja sette yn 1994 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 1998 beëinige McKnight har karriêre as pornoaktrise nei't hja HIV oprûn hie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McKnight waard yn 1974 berne earne yn 'e Feriene Steaten berne. Yn 1994, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn likernôch santich films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Evil Angel, Devil's Film en Anabolic Video. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Seymore Butts Home Movies, Metro en Leisure Time Entertainment.

Njonken har aktearwurk wie McKnight ek aktyf as neakenmodel en posearre se as sadanich yn ferskate neakenblêden. Yn 1994 regissearre se sels ien pornofilm, mei as titel Pumps 'n Da Rump, foar de lytse filmstudio Heatwave. Yn 1998 waard McKnight troch har manlike kollega Marc Wallace besmet mei it HIV-firus. Fan gefolgen moast hja har doe út 'e Amerikaanske pornoyndustry weromlûke, al besocht se om 'e nocht noch in skoftke om aktyf te bliuwen yn pornofilms yn net-pornografyske rollen.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jordan McKnight is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei (alteast ûnder har pornokarriêre) in gewicht fan 55 kg, en natuerlike kupmaat 36D. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: