Sabrine Maui

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sabrine Maui
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Sabrine Maui adjusted.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sabrine, Sabrina Maui, Leslie,
Grace
echte namme Mary Grace Dar
nasjonaliteit Flag of the Philippines.svg Filipynsk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 septimber 1980
berteplak Manilla (de Filipinen)
etnisiteit Flag of the Philippines.svg Filipynsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20002007
offisjele webside
www.sabrinemaui.net

Sabrine Maui, echte namme: Mary Grace Dar (Manilla, 24 septimber 1980), is in rêstend Filipynsk-Amerikaansk fotomodel, neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Sabrine, Sabrina Maui, Leslie en Grace. Se is 1.56 m, mei in gewicht fan 45 kg.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabrine Maui is hikke en tein yn 'e Filipynske haadstêd Manilla. Fan memmekant komt se út in famylje dy't foar it meastepart út dokters en ferpleechsters bestiet; har befalling waard begelaat troch har pake en twa fan har muoikes. Yn har jonkheid wie se in wyldkat, en die se boppedat in protte oan sport, lykas hurddraven, tennis, follybal en basketbal. Yn 1995, doe't se fyftjin wie, ferfear se mei har heit en mem nei de Amerikaanske steat Hawaï, dêr't se op har santjinde de middelbere skoalle ôfrûne.

Maui wie fan doel om ferpleechster te wurden, en yn 1998, op har achttjinde, begûn te wurkjen as model om harsels finansjeel te ûnderstypjen. Der wie op Hawaï lykwols net genôch wurk om har stúdzje dêrfan te beteljen. Aldergeloks ferfear har famylje datselde jiers noch nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't mear as genôch wurk is foar modellen. Yn 1999 gie se oer fan wurkjen as model ta wurkjen as neakenmodel, om't dat lukrativer wie, en dêrtroch rekke hja stadichoan behelle yn 'e pornoyndustry. Sabrine Maui makke yn 2000 har debút yn in pornografyske film, en spile sûnt, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 225 films. Yn 2004 wûn se de XRCO Award foar unsung siren ("ûnderwurdearre sirene"). Fierders hat se ek fjouwer nominaasje foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept. Yn 2007 loek hja har út 'e pornoyndustry werom mei de bedoeling om har oarspronklike ropping as ferpleechster te folgjen.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Jules Jordan) Trained Teens 2
nominearre bêste orale sekssêne (mei Tyler Durden, Anthony Hardwood en Rick Masters) Cum Swallowing Whores
nominearre bêste anale sekssêne (mei Mr. Marcus) Once You Go Black
XRCO Award wûn ûnderwurdearre sirene n.f.t.
2005 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) Invasion!

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.