Springe nei ynhâld

Jasmin St. Claire

Ut Wikipedy
Jasmin St. Claire
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jasmin St. Clair, Jasmine
St. Claire, Jasmine St. Clair,
Rhea Devlugt
echte namme Rhea Alessandra Calaveras
nasjonaliteit Amerikaansk Famme-eilânsk
Amerikaansk
berne 23 oktober 1970
berteplak Saint Croix (Am. Famme-eil.)
etnisiteit Russysk
Nederlânsk
Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19952001
offisjele webside
officialjasminstclaire.com

Jasmin St. Claire, echte namme: Rhea Alessandra Calaveras (23 oktober 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, mainstream-aktrise en Amerikaansk wrakselster, dy't op 't heden as vj wurket. Har artystenamme wurdt ek wol stavere as Jasmin St. Clair, Jasmine St. Claire en Jasmine St. Clair, wylst hja yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Rhea Devlugt.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf en Jonkheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Claire waard berne op it eilân Saint Croix, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen. Hoewol't dat gebiet net ien fan 'e Feriene Steaten is, heart it wol by de Feriene Steaten (likernôch sa't Kurasao, Arûba en Sint-Marten by Nederlân hearre), en alle ynwenners fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen hawwe it Amerikaansk steatsboargerskip. Oer St. Claire har etnysk komôf bestiet nochal wat betizing; guon boarnen melde dat se mingd Russysk-Brazyljaansk is, mar op har offisjele webside stie dat se fan Russysk-Nederlânsk-Sisyljaansk komôf is. Dat soe dan ek har alternative artystenamme Rhea Devlugt ferklearje, mei't "Devlugt" dúdlik in namme fan Nederlânske oarsprong is.

As bern emigrearre St. Claire mei har âldelju nei de Feriene Steaten, dêr't it gesin him nei wenjen sette yn New York. Dat wie wêr't St. Claire opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se oan 'e Schiller International University, op 'e fêstiging dêrfan yn it Britske Londen, en neitiid rûne se op har tweintichste har stúdzjetiid ôf oan 'e Columbia University yn New York. Dêrnei fûn se wurk as in leararesse Frânsk yn in neiskoalsk programma foar bern fan âldelju dy't yn it tichthús sieten. (St. Claire sprekt Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Spaansk, Italjaansk en Amerikaanske Gebeartetaal.) Letter wurke se as lokettiste op 'e ôfdieling bûtenlânske hannel fan in ynvestearringsbank. Yn dyselde snuorje begûn se mei posearjen foar neakenblêden, lykas de Penthouse.

Yn 1995, doe't St. Claire 25 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Op it mêd fan 'e hurde pornografy is se benammen bekend wurden troch de film World's Biggest Gang Bang 2, út 1996. Dat wie in registraasje fan har wrâldrekôr, wêrby't se yn ien en itselde etmiel 300 kear seksuële omgong hie, en wol mei 300 ûnderskate manlju. Foar en nei har optreden yn dy film waard St. Claire ynterviewd yn it radioprogramma fan Howard Stern, tegearre mei har kollega-pornoaktrise Annabel Chong, dy't foàr har it wrâldrekôr yn 'e hannen hie. Ek ferskynde se nei oanlieding hjirfan yn it beruchte tillefyzjepraatprogramma The Jerry Springer Show fan presintator Jerry Springer. Yn 1998 makke se jitris sa'n film, titele Jasmin's Last Gang Bang. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 81 pornofilms, foar't se har yn 2001 weromloek út 'e pornoyndustry. Yn 2011 waard se foar har pornokarriêre ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Mainstream-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se har karriêre as pornoaktrise beëinige hie, hie se roltsjes yn fjouwer mainstream-films (dy't trouwens gjinien fan fjouweren de bioskoop hellen), ntl.: Blood! Broad! And Brawls, Recipe for Disaster, Communication Breakdown en Swamp Zombies. Ek wie se aktyf yn it Amerikaansk wrakseljen (wat gjin echt wrakseljen is, mar in yn sêne sette show), foar de ECW, de XPW en de XWF. Yn 2002 trede se op foar Total Nonstop Action Wrestling, wêrby't se in striptiis opfierde. St. Clare wie ek belutsen by it runnen fan 'e 3PW-wrakselorganisaasje, tegearre mei har doetiidske freon Brian Heffron. Nei't harren relaasje yn 2005 stikken rûn, beëinigen se ek harren profesjonele gearwurking, wêrnei't St. Claire oerstapte nei NWA Cyberspace, dêr't se bleau oant dy organisaasje opheft waard.

Sûnt 2008 wurket St. Claire as in vj foar it Brazyljaanske heavy metal-tillefyzjeprogramma Stay Heavy TV, dêr't se in ferskaat oan "ekstreme" metal-bands ynterviewd en ûnsinsurearre heavy metal-fideoklips sjen lit. Sûnt 2010 is se dêrnjonken sjoernaliste foar it heavy metal-blêd Roadie Crew Magazine. Yn datselde jier waard se de manager fan 'e Brazyljaanske heavy metal-band Shadowside.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.