Laura Lion

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Laura Lion
Laura Lion.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Laura, Laura Lyon, Laura Lyons,
Laura Hon, Laura Finn,
Laura Linn, Laura Lenka,
Lauren Lion, Lenka,
Lenka Lyons, Lenka Lovišice,
Lenka Pr., Lena, Shaya, Carmen,
Yvette Boutillon, Lucia Love,
Natalli, Black Queen
echte namme Lenka Prášilová
nasjonaliteit Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk
berne 24 maart 1983
berteplak Litoměřice (Tsjechje)
etnisiteit Flag of Bohemia.svg Boheemsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20022011
offisjele webside
lauralionclub.com

Laura Lion, echte namme: Lenka Prášilová (Litoměřice, 24 maart 1983), is in rêstend Tsjechysk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Boheemsk komôf, dy't gebrûk makke hat fan in grut ferskaat oan artystenammen (mar bekendheid krige as Laura Lion).

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lion is hikke en tein yn Litoměřice, in stêd yn it noardwesten fan Tsjechje, tichteby de Dútske grins. Hja makke har debút yn in pornografyske film yn 2002, en stie fral bekend om har boarsten, mei kup 36DD. Fan natuere hie se al in D-kup, mar letter ûndergie se in "ferstevigingsoperaasje", dy't har boarsten foller makke.

Yn 't earstoan wurke Lion benammentlik yn Jeropa, en spile dêrby û.m. yn fjouwer edysjes fan Natural Wonders of the World, in langrinnende rige yn it grutteboarstesjenre; fjouwer films fan it Sweedske Private-label; en in pear fideo's fan 'e Italjaanske pornoakteur en -regisseur Rocco Siffredi. Letter wurke se ek yn 'e Feriene Steaten, dêr't se yn 2007 al yn likernôch 90 films spile hie. Yn totaal makke Lion neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 169 pornofilms, en dêrnjonken spile se yn fideo's op in ferskaat oan pornowebsiden, lykas Boob Butler en BangBros. Yn 2011 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: