Moana Pozzi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moana Pozzi
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Moana politiche 1992.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Linda Heveret, Margaux Jobert,
Anna Maria Pozzi, Moana,
Anna Moana Pozzi, Moanna,
Moanna Pozzi
echte namme Anna Moana Rosa Pozzi
nasjonaliteit Flag of Italy.svg Italjaansk
berne 27 april 1961
berteplak Genua (Itaalje)
stoarn 15 septimber 1994
stjerplak Lyon (Frankryk)
etnisiteit Flag of Piedmont.svg Piëmonteesk
Flag of Liguria.svg Liguerysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19811994
offisjele webside
www.moanapozzixxx.com

Moana Pozzi, folút: Anna Moana Rosa Pozzi (Genua, 27 april 1961Lyon, 15 septimber 1994), wie in Italjaansk pornografysk aktrise, neakenmodel, mainstream-aktrise, tillefyzjepersoanlikheid, fotomodel, politika en skriuwster fan Piëmonteesk komôf dy't opgroeide yn Liguerje. Yn it begjin fan har karriêre makke se ek wol gebrûk fan artystenammen as Linda Heveret en Margaux Jobert. Begjin jierren njoggentich wie se yn Itaalje ûnbidige populêr. Se stoar ûnferwachts doe’t se 33 jier wie.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moana Pozzi waard berne yn 'e Ligueryske haadstêd Genua. Har âldelju, dy't allebeide fan Piëmonteesk komôf wiene, keazen de namme "Moana" fan in lânkaart fan Hawaiï: it betsjut "dêr't de see it djipst is". Har heit, Alfredo Pozzi, wie in nukleêr yngenieur, dy't foar syn wurk de wrâld ôfreizge mei syn frou Rosanna en syn bern by him. Sadwaande wenne Moana Pozzi yn har bernetiid ek in hoart yn Kanada en Brazylje. Op har trettjinde remigrearre it gesin nei Itaalje, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn. Doe't har âldelju neitiid wer ferfearen, diskear nei it Frânske Lyon, gie se út 'e hûs en bleau se efter yn Rome.

Dêr begûn Pozzi te wurkjen as fotomodel, wylst se de aktearskoalle besocht. Se spile út en troch yn reklamespotsjes op 'e tillefyzje en as figurante yn filmkomeedzjes. Se hie relaasjes, itsij iepentlik of temûk, mei in ferskaat oan bekende Italjanen, wêrûnder de troude Bettino Craxi, dy't letter fan 1983 oant 1987 minister-presidint fan Itaalje wêze soe. Dyselde besoarge syn mêtresse in baantsje by de steatsomrop RAI, yn in berneprogramma op tillefyzje. Dat wie yn 1981, itselde jiers dat se har debút makke yn 'e pornografyske film Valentina, Ragazza in Calore ("Valentina, Famke mei Ferlet"), ûnder de artystenamme Linda Heveret. Dêrtroch ûntstie wat trelit, want in pornoaktrise koe fansels neat fan dwaan hawwe mei berneprogramma's. Pozzi ûntstried dat se deselde persoan wie as Linda Heveret, mar se ferlear likegoed har baan. Dit skandaaltsje, dat breed útmetten waard yn 'e bûlevaarblêden, joech har har earste nasjonale bekendheid yn Itaalje. It smiet har û.m. in roltsje op yn Federico Fellini syn film Ginger en Fred, út 1985.

Yn 1986 mette Pozzi Riccardo Schicchi, de direkteur fan Diva Futura, in agintskip dêr't de grutste pornostjerren fan Itaalje by oansletten wiene. Hja tekene in kontrakt mei him, en kaam fia syn agintskip ek yn 'e kunde mei û.o. Ilona Staller, Cicciolina, dy't in goede freondinne fan har waard. Pozzi har earste rol yn in grutte pornoproduksje wie yn Fantastica Moana, út 1986, dêr't se ek foar it earst har eigen namme foar brûkte. Se die ek mei oan it beruchte Curve Deliziose ("Hearlike Rûningen"), mei Cicciolina en oaren; dat wie de earste live-show yn Itaalje wêrby't neakene modellen op it poadium masturbearren. It smiet fansels hiel wat trelit op, mei beskuldigings fan provosearjende obseniteit en konservative kekenens dy't oer en wer fleagen. Mar mei dêrtroch waard Moana Pozzi dé grutte stjer fan 'e Italjaanske pornoyndustry, wêrby't se sels Cicciolina yn har skaad stelde.

Pozzi har optredens op 'e tillefyzje joegen ek gâns opskuor. Yn it programma Matrjoska, fan presintator Antonio Ricci, kaam se yn 'e regel alhielendal neaken op of inkeld mei in trochsichtige plestikkene wale om har hinne wuolle. Tydskriften en kranten koene net genôch fan har krije. Dêrby waard njonken har skientme ek har yntellekt wurdearre, al wie it mar om't se dêrmei rjocht tsjin it klisjee fan 'e ûnnoazele pinup-girl yngie. Se krige kunde oan skriuwers en keunstners lykas Mario Schifano en Dario Belleza. It wie de earste kears dat in pornoaktrise sa populêr waard yn 'e Italjaanske mainstream-wrâld.

Yn 1991 liet Pozzi har earste autobiografyske boek útjaan, Filosofia de Moana, dêr't se tweintich ferneamde manlju yn opneamde dy't har minners west hiene, en dyselden sifers joech dy't útinoar rûnen fan 4 oant 9½. Op dy list stiene akteurs as Robert De Niro, Harvey Keitel en Roberto Benigni, fuotbalspilers as Paulo Roberto Falcão en Marco Tardelli en skriuwers as Luciano de Crescenzo. Bettino Craxi syn namme hold hja doe noch geheim; him neamde hja inkeld as "de politikus".

Yn 1992 rjochte Pozzi, tegearre mei Cicciolina, de Partito dell'Amore ("Partij fan 'e Leafde") op, mei as programmapunten û.m. de legalisearring fan bordelen, better seksueel ûnderwiis en it kreëarjen fan saneamde "leafdesparken". Hoewol't de partij net genôch stimmen helle om in parlemintssit te bemachtigjen, berikte Pozzi har populariteit hjirtroch in hichtepunt. Alle Italjaanske nijsprogramma's woene har ynterviewe en moadeûntwerper Karl Lagerfeld woe har yn 1993 as mannekên hawwe foar syn moadeshows. Pozzi waard sa populêr dat der yn 1994 in tekenfilm oer har makke waard troch de ferneamde Italjaanske striptekener Mario Verger, mei as titel Moanaland.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer fan 1994 waard Pozzi ynienen siik. Hja koe net mear ite sûnder spuie te moatten en sadwaande ferlear hja fluch gewicht. Se naam in hoartsje lins, reizge mei har man Antonio di Ciesco nei Yndia en bedarre úteinlik yn in priveeklinyk yn it Frânske Lyon. Dêr stoar hja noch frij hommels op 15 septimber 1994. Hja wie doe 33 jier. Neffens de measte ferslaggen moat Pozzi oan leverkanker lit hawwe. Op 2 april 2007 fertelde Di Ciesco yn 'e krante Il Messaggero dat Pozzi him op 't lêst frege hie om har te helpen te stjerren, en dat hy oan har fersyk foldien hie en eutanasy tapast hie troch lucht yn har ynfús te litten, wat in luchtembolisme feroarsake.

Pozzi hat yn har libben yn likernôch hûndert pornofilms spile, de measten dêrfan yn Itaalje, mar ek guon yn it Amerikaanske Los Angeles. Der waarden fan har in miljoen fideobannen ferkocht en se stie op 'e cover fan fyftich renomearre tydskriften, fotoreportaazjes yn pornobledsjes net meirekkene. Yn 1990 hie se nei't it skynt in fermogen fan 50 miljard lire, sa'n 40 miljoen euro. In part fan har fermogen waard nei har dea skonken oan it ûndersyk nei kanker.

Striptekener Mario Verger makke yn 1995 de tekenfilm I Remember Moana, dêr't er rûnom lof foar krige. Moana Pozzi wie fierders de ynspiraasjeboarne foar it wichtichste personaazje yn 'e film Guardami ("Sjoch nei My"), út 1999. Yn 2009 waard der in minysearje oer har libben makke, mei as titel Moana.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pozzi har jongere suske Maria Tamiko "Mima" Pozzi waard letter ek pornoaktrise, ûnder de namme fan Baby Pozzi. Har jongere "broer" Simone Pozzi brocht yn 2006 út dat er eins har soan wie. Moana har mem befêstige dat letter. Hy skreau in boek dêr't er syn ferhaal yn fertelde, en dat kaam út yn 2006.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.