Delilah Strong
Delilah Strong | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Dalilah Strong, Delilah Damone, Delilah Damonne | |
echte namme | Stephanie Ann Larson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 july 1982 | |
berteplak | Poughkeepsie (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Portorikaansk Sisyljaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2004 – 2013 | |
offisjele webside | ||
Delilah Strong op Twitter |
Delilah Strong, echte namme: Stephanie Ann Larson (Poughkeepsie (New York), 26 july 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk, Portorikaansk en Sisyljaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Dalilah Strong, en se hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Delilah Damone of Delilah Damonne. Strong sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2009 wûn se in AVN Award. Strong beëinige har karriêre as pornoaktrise yn 2013.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strong waard yn 1982 berne yn Poughkeepsie, yn 'e Amerikaanske steat New York. Hja is de dochter fan 'e eardere pornoaktrise Deborah Coxxx, en hat in healsuster, Daisy Strong, dy't ek as pornoaktrise wurksum west hat. Foar't hja sels by de pornoyndustry belutsen rekke, wurke Strong as winkelbetsjinde yn in Blockbuster-fideoteek. Letter sette se útein mei in wurkpaad as stripper. Wylst Strong yn in stripklub yn Tampa (Floarida) wurke, waard se frege om as neakenmodel te posearjen foar it manljusblêd Hustler. Hja stimde dêryn ta, en de resultearjende fotoreportaazje late ta in oanbieding om yn in pornografyske film te spyljen. Sadwaande makke Strong yn 2004, doe't se 22 jier wie, har debút yn 'e pornoyndustry.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Strong neitiid yn mear as 270 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Diabolic Video, New Sensations, Anabolic Video, Hustler Video, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Sin City, Digital Sin, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Digital Playground, Devil's Film en Jill Kelly Productions. Ek wurke Strong wol foar minder bekende studio's, lykas Platinum X Pictures, West Coast Productions, Pure Play Media en Extreme Associates. Fierders wie se ek wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.
Yn maaie 2006 sleat Strong in net-eksklusyf kontrakt foar ien jier mei de filmstudio Shane's World ôf, foar it meitsjen fan 'e College Invasion-searje. Dêrfandinne dat se wol 'Miss College Invasion' neamd waard. Yn 2009 wûn Strong yn 'e mande mei har kollega's Jenny Hendrix en Michael Stefano in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste triosekssêne foar har optreden yn 'e film The Jenny Hendrix Anal Experience. Dêrnjonken waard se ûnder har karriêre noch fjouwer kear nominearre foar oare AVN Awards. Yn 2013 breide Strong in ein oan har wurkpaad as pornoaktrise en loek se har út 'e pornoyndustry werom. Begjin 2017 wenne se yn Tampa, yn 'e Amerikaanske steat Floarida en wurke se as webmarketer en barkeeper.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Delilah Strong is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 36D, dêr't se yn 2007 in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergie. Piercings hat se inkeld troch har earlellen, mar se hat wol ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in Playboy-kninekopke boppe har rjochterboarst, de tekst "Angel" mei in duvelssturt yn 'e letters ferfrissele op har rjochterboppe-earm, in pear kersen boppe har skamstreek, de lippestiftôfdruk fan tútsjende lippen boppe har lofterstút en ferskate oare tatoeaazjes tusken har skouderblêden, op har ûnderrêch en oan 'e bûtenkant fan har lofterkût.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2006 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Alektra Blue en Jonni Darkko) | Suck It Dry |
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Jules Jordan) | Feeding Frenzy 6 | ||
FAME Award | nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | |
NightMoves Award | wûn | bêste linzjerymodel | The Executive | |
XRCO Award | nominearre | meast ûnderwurdearre aktrise | n.f.t. | |
2007 | AVN Award | nominearre | weardefolste stjer | n.f.t. |
FAME Award | nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | |
finaliste | smoarchste fanke yn 'e pornoyndustry | n.f.t. | ||
2008 | AVN Award | nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Kylie Ireland en Derrick Pierce) | Upload |
FAME Award | finaliste | smoarchste fanke yn 'e pornoyndustry | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | wûn | bêste triosekssêne (mei Jenny Hendrix en Michael Stefano) | The Jenny Hendrix Anal Experience |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) In fanwebside wijd oan Delilah Strong
- (in) Biografy en filmografy fan Delilah Strong yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Delilah Strong yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Delilah Strong op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|