Jenny Hendrix

Ut Wikipedy
Jenny Hendrix
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ariel, Hannah, Hot Haley,
Hannah Hendrix, Jenni Hendrix,
Jenny Hendricks, Jordan
echte namme Heather Ann Dorsey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 april 1986
berteplak New Port Richey (Floarida)
etnisiteit Filipynsk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052011 & 2016 – no
offisjele webside
www.jennyhendrix.com

Jenny Hendrix, echte namme: Heather Ann Dorsey (New Port Richey (Floarida) 5 april 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Filipynsk-Italjaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Jenni Hendrix of Jenny Hendricks, en dêropta hat hja yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Ariel, Hannah, Hannah Hendrix, Hot Haley en Jordan. Hendrix sette yn 2005 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2011 beëinige se har karriêre as pornoaktrise, mar yn 2016 makke se in comeback. Yn 2009 wûn se in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld).

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrix waard yn 1986 berne yn New Port Richey, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hja is fan mingd Filipynsk-Italjaansk etnysk komôf. As tiner fûn se wurk as reklamemodel foar it sinnebrânoaljemerk Hawaiian Tropic en it enerzjydrankmerk Rockstar Energy Drink. Yn 2004, doe't se 18 jier wie, begûn Hendrix as stripper te dûnsjen, wêrnei't se yn 2005, mei 19 jier, har debút makke as pornografysk aktrise (ûnder de skûlnamme Hannah) yn in sêne op 'e webside Captain Stabbin, dy't fêstige is yn súdlik Floarida.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Hendrix neitiid yn mear as 200 pornofilms, wêrby't se û.m. wurksum wie foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Diabolic Video, Penthouse, Wicked Pictures, Hustler Video, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Red Light District, Digital Sin en Adam & Eve.

Jenny Hendrix.

Dêrnjonken hat Hendrix ek wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas Third Degree Films, Metro, West Coast Productions, Mile High Media, Legend Video en Pure Play Media. Boppedat wie se ek gauris yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Muffia. Foar har aktearwurk waard Hendrix alve kear nominearre foar AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), en wûn se yn 2009 yn 'e mande mei Delilah Strong en Michael Stefano de AVN Award yn 'e kategory bêste triosekssêne foar har optreden yn 'e film The Jenny Hendrix Anal Experience.

Yn 2011 loek Hendrix har út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom, mar yn 2016 makke se in comeback. Se hie fierders ferskate oerstapkes nei de mainstream-film- en muzykyndustry. Sa hie Hendrix yn 2007 in rol yn 'e horrorfilm Live Evil fan regisseur Jay Woelfel. Teffens wurke se yn 2008 mei oan 'e fideoklips fan 'e nûmers I'm in Miami, Bitch (sinsurearre ferzje: I'm in Miami, Trick) fan LMFAO en 10 Miles Wide fan Escape the Fate.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jenny Hendrix is fan mingd blank en mongoloïde ras, mei brune eagen en brún hier, dat se gauris blondearje lit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 49 kg, en kupmaat 34D. Oarspronklik hie se kupmaat 34B, mar yn desimber 2008 ûndergie se in boarstfergruttingsoperaasje.

Hendrix hat piercings troch har earlellen en in nâlpiercing, en dêropta ferskate tatoeaazjes. Se hat in Hello Kitty-tatoeaazje boppe har rjochterankel, in yin-yangsymboal op har rjochterankel, in fiifpuntige stjer op har lofterpols, en in rôze Hello Kitty-tatoeaazje mei in hert deromhinne op 'e binnenkant fan har rjochterpols.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 FAME Award nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre smoarchste fanke fan 'e porno n.f.t.
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptease The Jenny Hendrix Anal Experience
nominearre bêste P.O.V.-sekssêne(mei Manuel Ferrara) Fucked on Sight 3
nominearre bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) The Jenny Hendrix Anal Experience
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Rebeca Linares en Tom Byron) Secretary's Day 2
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Steve Holmes en Ian Scott) The Jenny Hendrix Anal Experience
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Erik Everhard en Steve Holmes) Anal Cavity Search 4
nominearre skandalichste sekssêne (mei Chelsie Rae en Tony T.) Milk Nymphos 2
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Delilah Strong en Michael Stefano) The Jenny Hendrix Anal Experience
FAME Award nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre favorite anale stjer n.f.t.
nominearre meast seksy lichem n.f.t.
nominearre smoarchste fanke yn 'e porno n.f.t.
finaliste favorite kont n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Steve Holmes, Jerry en Mr. Pete) Ass Worship 11
FAME Award nominearre favorite orale stjer n.f.t.
nominearre favorite anale stjer n.f.t.
nominearre meast seksy lichem n.f.t.
nominearre smoarchste fanke yn 'e porno n.f.t.
finaliste favorite kont n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Jessica Bangkok, Jazy Berlin, Dani Jensen, Julia Ann, Kerry Louise, Natasha Marley,
Rachel Roxxx, India Summer, Paul Chaplin, Seth Gamble, Billy Glide, Will Powers en Anthony Rosano)
Bonny & Clide
2012 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Alexis Texas en Rocco Siffredi) Rocco's American Adventures

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: