Kerry Louise

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kerry Louise
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Kerry Louise (aktrise).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kerry Louise Love
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 26 april 1983
berteplak Nottingham (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20092011 & 2014 – no
offisjele webside
www.kerry-louise.co.uk (deade link)

Kerry Louise, echte namme: Kerry Louise Love (Nottingham (Ingelân), 26 april 1983), is in Britsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Ingelsk komôf. Hja wie earder aktyf as glamourmodel, mar sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske en de Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt spile se yn frijwat films. Kerry Louise stiet benammen bekend om har grutte silikoaneboarsten en har keunstmjittich brúnmakke hûd.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kerry Louise waard yn 1983 berne yn it Ingelske Nottingham. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke se as klante-adviseur by in bank, foar't se yn 2004 úteinsette mei in karriêre as glamourmodel. Letter wurke se as stripper yn ferskate Ingelske stripklubs, en wie se teffens aktyf as escort.

Yn febrewaris 2009 makke se mei 25 jier har debút as pornoaktrise yn in sêne foar de Britske pornowebside Killergram. Letter stiek se de Atlantyske Oseaan oer, om yn 'e Feriene Steaten te wurkjen. Dêr spile se yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as Digital Playground, Elegant Angel, Digital Sin, Zero Tolerance, Evil Angel, New Sensations en Pure Play Media. Ek wurke se in protte foar Amerikaanske pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Naughty America, Brazzers en BlacksOnBlondes.

Yn july 2011 loek Kerry Louise har út 'e pornoyndustry werom om fitnessynstruktrise te wurden, mar yn jannewaris 2014 makke se in comeback as pornoaktrise. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2016 yn likernôch 90 ûnderskate pornografyske films spile. Yn 2011 waard se foar har optreden yn 'e film Bonny & Clide mei trettjin oaren nominearre foar de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Teffens waard se dat jier foar deselde priis nominearre yn 'e kategory bêste bûtenlânske artyste fan it jier.

Dêrnjonken hie Kerry Louise de haadrol as Katie Price yn 'e pornografyske mockumentary Tabloid Tales: Being Whoredon, dy't yn it neijier fan 2009 útstjoerd waard troch de Britske stjoerder Television X. Yn jannewaris 2010 regisearre hja har earste pornografyske sêne foar de searje Calling the Shots fan Television X. Hja ûnderhâldt kontakt mei har fans fia har eigen bloch en troch geregeldwei diel te nimmen oan diskusjes op ynternetfoarums.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kerry Louise is blank, mei blauwe eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 32HH. Dêrfoar hat se ferskate boarstfergruttingsoperaasjes ûndergien. Yn novimber 2009 liet se har eardere ympantaten fan 420 cc ferfange troch guons fan 900 cc. Dêrby ûntstie in ynfeksje oan har lofterboarst, dy't har mear as in wike yn it sikehûs hold. Kerry Louise liet har dêrtroch lykwols net ôfskrikke, en yn 2010 liet se in fierdere boarstfergrutting útfiere.

Fierders hat Kerry Louise piercings troch har nâle en har klitoris en beskikt se ek oer in grut tal tatoeaazjes. Op 'e binnenkant fan har lofterboppe-earm stiet de tekst "Act Like a Princess / Fuck Like a Slut" tatoeëarre; op 'e binnenkant fan har rjochterpols de tekst "RK" mei stjerren; rjochts fan har nâle in blom; op har lofterstút flinters; en oer har lofterheup, ûnderrêch en omheech oant op har rjochterskouderblêd in grutte floral.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 SHAFTA wûn bêste nije froulike stjer n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne(mei Jessica Bangkok, Jazy Berlin, Dani Jensen, Jenny Hendrix, Julia Ann, Natasha Marley,
India Summer, Rachel Roxxx, Paul Chaplin, Seth Gamble, Billy Glide, Will Powers en Anthony Rosano)
Bonny & Clide
nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: