SHAFTA

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
SHAFTA
Soft and Hard Adult Film and
Television Awards
Shafta logo.jpg
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
útrikt foar populariteit fan pornofilms
   yn Grut-Brittanje
útrikt troch Television X
frekwinsje 1x jiers
datum meastal mids maart
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 2010
1e útrikking 2010
offisjele webside
www.shafta.xxx

De SHAFTA's of Soft and Hard Adult Film and Television Awards (net te betiizjen mei de sjoernalistike Shafta Awards) binne in groep Britske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar populariteit fan pornofilms yn it Feriene Keninkryk. De namme fan dizze prizen, dy't letterlik "Sêfte en Hurde Film- en Tillefyzjeprizen foar Folwoeksenen" betsjut, is in backronym (in akronym wêrby't men mei de ôfkoarting begûn is en doe betocht hat wêr't de letters foar stean koene). De ôfkoarting SHAFTA ferwiist nei de BAFTA, de wichtichtste Britske mainstream-filmpriis, en nei shaft ("skacht"), in Ingelsk wurd foar "penis".

De SHAFTA's waarden yn 2010 ynsteld en wurde sûnt elts jier, meastal mids maart (mar yn 2013 op 5 desimber) útrikt troch de Britske pornografyske tillefyzjestjoerder Television X. De winners wurde útornearre troch in stimming ûnder de abonnees fan Television X. Nominearre pornostjerren hawwe yn it ferline de sosjale media brûkt om 'e lju oan te fiterjen en stim op harren. De útrikkingsseremoanje fan 'e SHAFTA's wurdt yn 'e regel holden yn in Londenske stripklub. Yn 2012 ûntstie der om dizze prizen hinne in lyts skandaaltsje doe't in groep abonnees protestearre tsjin it feit dat de transseksuële pornoaktrise Holly Harlow nominearre waard yn 'e kategory bêste nije froulike stjer. Television X ferdigene dy beslissing lykwols troch te sizzen: "[D]e term froulike stjer past folslein by har; se is froulik, seksy en in geweldige aktrise."

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(de prizen wurde net elts jier yn alle kategoryen útrikt)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.