Billy Glide

Ut Wikipedy
Billy Glide
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Billy Glyde, Billie Glide,
Dennis Riker, "Beer Can"
echte namme Tad Douglas Nolen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 july 1970
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
stoarn 24 maaie 2014
stjerplak Huntington Beach (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 19952014
offisjele webside
Billy Glide op Twitter

Billy Glide, echte namme: Tad Douglas Nolen (Los Angeles, 25 july 1970Huntington Beach (Kalifornje), 24 maaie 2014), wie in Amerikaansk pornoakteur, waans artystenamme wolris (mis)stavere waard as Billy Glyde of Billie Glide. Hy wurke ek wol ûnder de skûlnamme Dennis Riker, en stie bekend om 'e grutte fan syn penis. Glide sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in hiel soad films. Yn 1999 wûn er in AVN Award. Hy bleau aktyf as pornoakteur oant er yn 2014 om it libben kaam troch ynname fan in oerdoazis drugs.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glide waard yn 1970 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Yn 1995, doe't er 25 jier wie, begûn er oan in karriêre as pornoakteur, wêrby't er neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) troch de jierren hinne yn mear as 1.450 pornofilms spile. Glide kaam al gau bekend te stean om syn spierde uterlik en syn oergrutte penis, dy't de reden wie dat er de bynamme Beer Can ("Bierblikje") krige. Wat syn seksuële prestaasje oanbelange, waard er beskôge as ien fan 'e betrouberste akteurs yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en dêropta waard er ek rûnom sjoen as ien fan 'e sympatykste Amerikaanske pornoakteurs fan syn tiid. Njonken syn aktearwurk wie Glide tusken 1998 en 2005 ek aktyf as regisseur fan in fiiftal pornofilms, wêrfan ien foar de lytse filmstudio Boardwalk, ien foar Marine Pacific en trije foar Maximum Xposure.

As akteur wurke Glide foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Jill Kelly Productions, VCA Pictures, Hustler Video, The Score Group, Adam & Eve, Sin City, Devil's Film, New Sensations, Evil Angel, Diabolic Video, Zero Tolerance, Elegant Angel, Digital Playground, Anabolic Video, Red Light District, ClubJenna, Shane's World en Digital Sin. Fierders wied er ek wol te sjen yn films fan minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Legend Video, Mile High Media, Metro, Seymore Butts Home Movies, Girlfriends Films, Taylor Wane Productions, Third Degree Films, Coast to Coast Video en Extreme Associates. En teffens wied er in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Yn 'e mande mei Taylor Hayes en Mr. Marcus wûn Glide yn 1999 in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne, foar syn rol yn 'e film Masseuse 3. Dêrnjonken waard er noch seis oare kearen nominearre foar in AVN Award. Fierders waard er yn 2014 postúm ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Under syn hast tweintichjierrige wurkpaad as pornoakteur wurke Glide gear mei aktrises as Britney Amber, Alexis Amore, Eva Angelina, Brittany Andrews, A.J. Applegate, Davia Ardell, Cherokee d'Ass, Bridgette B, Erika Bella, Belladonna, Lexi Belle, Breanne Benson, Nikki Benz, Dru Berrymore, Carmella Bing, Audrey Bitoni, Johnni Black, Julia Bond, Amy Brooke, Ashlynn Brooke, Abbey Brooks, Kaycee Brooks, J.R. Carrington, Charisma Cappelli, Asia Carrera, Kayla Carrera, Catalina, Kimberly Chambers, Brooklyn Chase, Cherokee, Cortknee, Renae Cruz, Cytherea, Daisy Marie, Deauxma, Sophie Dee, Jewel De'Nyle, Tricia Devereaux, Ava Devine, Kelly Divine, Devon, Lexi Diamond, Skin Diamond, Gia DiMarco, Helen Duval, Lacey Duvalle, Allura Eden, Alana Evans, Rita Faltoyano, Sana Fey, Jada Fire, Shay Fox, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Kimberly Franklin, Havana Ginger, Dillion Harper, Taylor Hayes, Allie Haze, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Tara Holiday, Houston, Franceska Jaimes, Nikita von James, Dani Jensen, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Keisha, Jill Kelly, Bridgette Kerkove, Kerry Louise, London Keyes, Austin Kincaid, Diamond Kitty, Katie Kox, Renee LaRue, Melissa Lauren, Shayla LaVeaux, Brooklyn Lee, Lucy Lee, Miko Lee, Ashlynn Leigh, Shawna Lenée, Leila Ley, Alina Li, Rebeca Linares, Lisa Lipps, Lexxxi Lockhart, Alexis Love, Brianna Love, Lovette, Mya Luanna, Chastity Lynn, Gina Lynn, Krissy Lynn, Jade en Nyomi Marcela, Madelyn Marie, Sabrine Maui, Tanner Mayes, Jynx Maze, Gianna Michaels, Trina Michaels, Mariah Milano, Memphis Monroe, Tyra Moore, Tiffany Mynx, Alexandra Nice, Nika Noire, Bree Olson, Tera Patrick, Alanah Rae, Priya Rai, Taylor Rain, Harley Raine, Riley Reid, Olivia del Rio, Rocki Roads, Abby Rode, Kristina Rose, Sativa Rose, Rachel Roxxx, Dylan Ryder, Adriana Sage, Jasmin St. Claire, Katie St. Ives, Savanna Samson, Andy San Dimas, Hillary Scott, Alexandra Silk, Shane, Sheena Shaw, Selena Silver, Aurora Snow, Charmane Star, Lela Star, Bobbi Starr, Rachel Starr, Sydnee Steele, Jada Stevens, Misty Stone, Delilah Strong, Shyla Stylez, India Summer, Puma Swede, Stephanie Swift, Kobe Tai, Mika Tan, Tanya Tate, Alexis Texas, Kya Tropic, Flower Tucci, Angelina Valentine, Stacy Valentine, Megan Vaughn, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Taylor Wane, Teri Weigel, Kelly Wells, Sienna West, Delta White, Jennifer White, Tarra White, Rebecca Wild en Mahina Zaltana,

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glide troude nea, mar hie al in dochter. Hy wie goed befreone mei pornoaktrise Alana Evans.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Billy Glide kaam op 24 maaie 2014, doe't er 43 jier wie, te ferstjerren yn Huntington Beach, ûnder de reek fan Los Angeles, yn súdlik Kalifornje. Yn 't earstoan gie it ferhaal dat er biten wie troch in rattelslange wylst er in freon holp by it ferhúzjen, en dat er wegere hie dêrfoar medyske fersoarging te sykjen. Letter kaam lykwols út dat de wiere deadsoarsaak in (wierskynlik by fersin ynnommen) oerdoazis drugs west hie.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1999 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (film) (mei Taylor Hayes en Mr. Marcus) Masseuse 3
2003 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Belladonna en Mark Ashley) The Fashionistas
2004 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (mei Belladonna en Dee) n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mackenzee Pierce en T.J. Cummings) Whatever It Takes
nominearre bêste groepsekssêne (mei Julia Ann, Natasha Marley, Dylan Ryder, Bobbi Starr, Paul Chaplin, Tommy Gunn en Will Powers) Bonny & Clide
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jazy Berlin, Jessica Bangkok, Jenny Hendrix, Dani Jensen, Julia Ann, Kerry Louise, Natasha Marley,
Rachel Roxxx, India Summer, Paul Chaplin, Seth Gamble, Will Powers en Anthony Rosano)
Bonny & Clide
2014 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Raylin Joy, Tommy Pistol, Will Powers, John Strong en Mark Wood) Skin Diamond: No Limits
2015 AVN Award ynhuldige lid fan 'e AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: