Bridgette B

Ut Wikipedy
Bridgette B
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bridgette B., Spanish Doll
echte namme Luz Abreu
nasjonaliteit Spaansk
berne 15 oktober 1983
berteplak Barseloana (Spanje)
etnisiteit Katalaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20072021
offisjele webside
www.clubbridgetteb.com

Bridgette B, echte namme: Luz Abreu (Barseloana, 15 oktober 1983), is in Spaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Katalaansk komôf. Har skûlnamme wurdt wol (mis)stavere as Bridgette B. (mei in punt), en se makket ek wol gebrûk fan 'e artystenamme Spanish Doll. Bridgette B sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2012 wûn se in AVN Award.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bridgette B waard yn 1983 berne yn Barseloana, yn 'e Spaanske autonome mienskip Kataloanje. Hja ferfear yn 2004 nei de Feriene Steaten, dêr't se studearre oan 'e Kent State University yn 'e steat Ohio. Se wie dêr lid fan 'e studinteferiening Chi Omega en behelle in bachelorstitel yn moadeferkeap (fashion merchandising). Se betelle har stúdzje mei in bybaantsje as stripper en wurke nei har ôfstudearjen koarte tiid as resepsjoniste.

Yn 2007, doe't se 24 jier wie, makke Bridgette B har debút yn in pornografyske film. Se waard al gau tige populêr en wûn in grutte skare fans. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2017 yn 450 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, New Sensations, Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Hustler Video, Adam & Eve, Diabolic Video, Sin City, The Score Group, Digital Sin, Red Light District en ClubJenna.

Fierders hat Bridgette B ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Girlfriends Films, Mile High Media en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Blacks on Blondes. Yn 2012 wûn se de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory meast ûnderwurdearre stjer fan it jier. Bridgette B wennet tsjintwurdich yn Los Angeles. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en hat se as sadanich posearre foar in grut tal neakenblêden. Fierders reizget se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bridgette B is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, mar wol hat se in pear tatoeaazjes: de tekst la jalousie est une maladie (Frânsk foar "jaloerskens is in sykte") op har rjochterside; en de tekst Spanish Doll yn har nekke.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Monique Alexander, Charley Chase, Courtney Cummz, Jayden Jaymes, Julia Ann,
Kirra Lynne, Madelyn Marie, Raylene, Nikke Rhodes, Sophia Santi, Misty Stone, Brynn Tyler, Sarah Vandella en Velicity Von)
Girlvana 5
2012 AVN Award wûn meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre ûnbesongen sirene n.f.t.
2014 AVN Award nominearre meast seksy kont n.f.t.
AVN Award nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre ûnbesongen sirene n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: