Mya Luanna

Ut Wikipedy
Mya Luanna
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mya Luana
echte namme Youphine Phimmasanh
nasjonaliteit Taisk
Amerikaansk
berne 26 augustus 1978
berteplak Bangkok (Tailân)
etnisiteit Taisk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.myaluanna.com

Mya Luanna, echte namme: Youphine Phimmasanh (Bangkok, 26 augustus 1978), is in Taisk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Taisk-Frânsk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Mya Luana. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m, mei in gewicht fan 46 kg, en hat se kup 34C.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mya Luanna waard berne yn 'e Taiske haadstêd Bangkok, mar emigrearre as jong famke mei har âldelju nei de Feriene Steaten, dêr't hja opgroeide yn Warwick, yn 'e steat Rhode Island, en letter yn Boston, yn it oanswettende Massachusetts. Op 'e middelbere skoalle wie Luanna in sportyf fanke: se die oan turnjen, hurddraven en cross-country, en spile sawol softbal as follybal. Dêrnjonken hearde se ek noch ta it cheerleaderstiim fan har skoalle.

Nei de middelbere skoalle learde Luanna foar toskhygiëniste, en hie se in bybaantsje as servearster. Om wat mear by te fertsjinjen, sette se útein mei te wurkjen as stripper yn 'e Bostonske stripklub Foxy Lady. Doe't se murk hoefolle jild oft se dêr wol net mei fertsjinje koe, joech se har stúdzje deroan en ferfear se nei Las Vegas, yn 'e steat Nevada, dêr't se trochgie mei strippen. Se krige wurk as model, posearre foar ûnderskate neakenblêden, en sette har eigen webside op. Yn desimber 2005, doe't se 27 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 140 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande filmstudio's as Evil Angel, Wicked Pictures, Adam & Eve, New Sensations, Hustler Video, Pure Play Media, Jules Jordan Video en Platinum X Pictures. Yn 2010 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) foar bêste lesbyske triosekssêne.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Sindee Jennings en Marlie Moore) Kung Fu Nurses a Go-Go 2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: