Kaycee Brooks

Ut Wikipedy
Kaycee Brooks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kacee Brooks, Kaycie Brooks,
Ashley Johnson, Jennifer M
echte namme Crystal Tustison
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 desimber 1990
berteplak súdlik Kalifornje
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
gjint

Kaycee Brooks, echte namme: Crystal Tustison (súdlik Kalifornje, 21 desimber 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Ashley Johnson en Jennifer M, en wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Kacee Brooks of Kaycie Brooks. Hja sette yn 2010 mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry útein en hat ûnderwilens yn in tritichtal pornofilms spile.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brooks waard yn 1990 berne yn it súdlike part fan 'e steat Kalifornje. De measte boarnen binne it iens dat har bertedatum 21 desimber is, mar de Internet Adult Film Database (IAFD) hâldt it op 15 maaie. Brooks makke yn 2010, doe't se tweintich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat Brooks neffens de IAFD yn 30 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, Wicked Pictures, Hustler Video, Evil Angel en Jules Jordan Video. Dêrnjonken hat se ek wol yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions en Mike Adriano Media. Fierders hat Brooks ek in protte wurke foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Bang Bros, Brazzers en Reality Kings.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brooks hat hazzenútkleurige eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei in gewicht fan 57 kg. Hja hat in natuerlike kupmaat 34B.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: