Rita Faltoyano

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rita Faltoyano
Rita Faltoyano adjusted.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rita Faltoiano, Rita Faltiano,
Rita F., Rita Anik, Rita Fox,
Rita Doll, Rita
echte namme Rita Gács
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 5 augustus 1978
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 20002012
offisjele webside
www.ritafaltoyanoxxx.com

Rita Faltoyano, echte namme: Rita Gács (Boedapest, 5 augustus 1978), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Rita F., Rita Anik, Rita Fox, Rita Doll en Rita, en wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Rita Faltoiano, Rita Faltiano, Rita Faltojano en Rita Faltoyono. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36D.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faltoyano brocht har bernetiid troch op in boerespultsje ûnder de reek fan 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, dêr't se grutbrocht waard troch har peetâlden. Dêr learde se al jong hynsteriden en dêr waard se sa goed yn, dat se der ferskate kampioenskippen mei wûn. Dêrnjonken die se ek oan turnjen en oan swimmen, en mei dat lêste brocht se it trije kear ta Hongaarsk nasjonaal kampioen by junioaren. Faltoyano hat trije jongere bruorren. Neffens har sizzen wie har mem yn 1974 Miss Hongarije en wie har heit in Jeropeesk en Olympysk kampioen wetterpolo. Har âldelju lieten har fanôf har sechstjinde meidwaan oan skientmewedstriden.

Yn 2000, doe't se 22 jier wie, die Faltoyano audysje by de Frânske pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman. Datselde jiers noch makke se har debút yn har earste pornografyske film, Woodman syn No Sun, No Fun, in produksje fan it Sweedske Private-label. Dêryn die se in sêne mei trije manlike akteurs, wêrby't se daliks anale seks en dûbele penetraasje bedreau. Yn totaal spile Faltoyano neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 344 pornofilms. Gauris wurke hja dêrby foar Private, lykas yn 'e megaproduksje The Private Gladiator, út 2002 (in parody op 'e Hollywood-film Gladiator). Mar ek wurke se wol foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Hustler Video, Red Light District, Jules Jordan Video, Evil Angel, Zero Tolerance, New Sensations, Wicked Pictures, Anabolic Video en Digital Playground. Dêrnjonken regissearre se ien pornofilm sels, The Show Must Go On, út 2003, foar de studio X Level.

Yn 2004 kaam Faltoyano yn it nijs doe't se, yn 'e mande mei ferskate oare pornoakteurs, Meksiko útset waard. Se hiene dêr it earste Festival Erótico de México besocht, mar waarden der doe troch de Meksikaanske ymmigraasjetsjinst fan beskuldige dat se meiwurke hiene oan in evenemint mei winsteachmerk wylst se it lân ynkommen wiene op in toeristefisum.

Faltoyano hie yn it begjin fan 'e jierren 2000 in relaasje mei de Amerikaanske pornoakteur Ramon Nomar, en wie fan 18 juny 2005 oant mids 2007 troud mei de Amerikaanske pornoakteur Tommy Gunn. Mei har aktearwurk wûn se yn 2003 in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste bûtenlânske aktrise. Fierders sleepte se yn 2007 in nominaasje foar in AVN Award yn 'e wacht en wûn se ferskate oare pornografyske filmprizen, wêrûnder in Venus Award op 'e Venus Berlin-erotykfakbeurs yn 'e Dútske haadstêd Berlyn en in FICEB Ninfa Award op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana (beide yn 2002). Yn 2012 joech Faltoyano har karriêre as pornoaktrise deroan, en loek se har út pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2002 Venus Award wûn bêste aktrise (East-Jeropa) (dield earste plak mei Monique Covét) n.f.t.
FICEB Ninfa Award wûn bêste byrol fan in aktrise Private Black Label 26: Faust – Power of Sex
2003 AVN Award wûn bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
2004 European X Award wûn bêste aktrise (Hongarije) n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (film) (mei Emmanuel Delcour) Valentina

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.