Juelz Ventura

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Juelz Ventura
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Juelz Ventura 2011.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Juelz, Shayne St. Lucia,
Layna Laurel
echte namme Shayna Lefèvre
nasjonaliteit Flag of Brazil.svg Brazyljaansk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 july 1987
berteplak Brasilia (Brazylje)
etnisiteit Flag of Brazil.svg Brazyljaansk
Flag of Israel.svg Joadsk
Flag of Lebanon.svg Libaneesk
Flag of Sicily.svg Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
www.juelz-ventura.com

Juelz Ventura, echte namme: Shayna Lefèvre (Brasilia, 31 july 1987), is in Brazyljaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't berne waard yn Brazylje, mar opgroeide yn 'e Feriene Steaten. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Layna Laurel en Shayne St. Lucia. Ventura sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Dêrby hat se grutte populariteit krigen ûnder de fans, en yn 2011 wûn se twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornoyndustry).

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ventura waard yn 1987 berne yn 'e Brazyljaanske haadstêd Brasilia, mar groeide op yn it plak Oak Creek, yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Hja is fan mingd Brazyljaansk, Joadsk, Libaneesk en Sisyljaansk etnysk komôf. Ventura wie fan 2007 oant 2009 troud mei Bill Hall, in profesjoneel honkballer foar de Milwaukee Brewers. Se besleat om in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te begjinnen as in foarm fan wraak op har man, nei't se op syn kompjûter foto's fûn hie dêr't er har op bedreach mei in ferskaat oan willekeurige sportgroupies.

Sadwaande makke Ventura yn 2008, doe't se 21 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 260 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Digital Sin, Adam & Eve, Shane's World, ClubJenna en Diabolic Video,

Dêrnjonken hat se ek wol yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Mike Adriano Media, Pure Play Media, Third Degree Films, Girlfriends Films en Mile High Media. Fierders hat se ek in protte wurke foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America, Brazzers en BlacksOnBlondes. Ventura spile yn ferskate grutte produksjes dy't mainstream-films en -tillefyzje parodiëarren, lykas This Ain't Avatar XXX (2010), Captain America XXX (2011), Xena XXX (2012), Avengers XXX 2 (2013) en This Ain't Terminator XXX (2013).

Juelz Ventura yn 2011.

Yn 2012 wûn Ventura yn 'e mande mei har kollega Brooklyn Lee en pornoakteur Mike Adriano twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) foar har optreden yn 'e film American Cocksucking Sluts, yn 'e kategoryen bêste orale sekssêne en skandalichste sekssêne. Teffens hat se noch fjouwer oare kearen foar in AVN Award nominearre west. Njonken har aktearwurk posearret Ventura ek as neakenmodel foar neakenblêden. Yn 2010 stie se as Penthouse Pet yn en op 'e omslach fan 'e apriledysje fan 'e Penthouse.

Yn 2013 hie Ventura fierders in kameoroltsje yn 'e fideoklip fan it nûmer Killing You fan 'e hardrockband Asking Alexandria. Oan dyselde klip wurken ek har kollega's Ash Hollywood, Bailey Blue, Andy San Dimas en Cadence St. John mei, yn 'e mande mei mainstream-aktrise Jessica Booker.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Juelz Ventura is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en kupmaat 32DD. Dêrfoar hat hja twa boarstfergruttingsoperaasjes ûndergien: fan kup A nei kup C yn july 2008, en fan kup C nei kup D op 11 jannewaris 2012. Tagelyk mei dy lêste yngreep liet Ventura ek har lippen fergrutsje. Fierders hat se piercings troch har nâle, har klitoris en har lofternoaswjuk en in Madonnapiercing troch har boppelippe.

Dêrnjonken hat Ventura ek in grut tal ûnderskate tatoeaazjes: it wurd "Latina" yn har nekke; in healmouwe om har rjochterboppe-earm; in ingel op har rjochterûnderearm; de teksten "C.A.B." en "03.12.83" mei in Aldegyptysk anch-symboal oan 'e binnenkant fan har lofterûnderearm; "TCB" op har loftermulfinger; in floral op har lofterheup; in lytse tribal op har ûnderrêch; stjerren boppe har rjochterstút, in skedel en hert mei de tekst "Love Dies Hard" oan 'e binnenkant fan har lofterankel; ferskate Koreaanske karakters op har rjocherkût; en in stjer op har rjochterfoet.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Chanel Preston, Misty Stone, Dale DaBone, Chris Johnson en Lexington Steele) This Ain't Avatar XXX
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Asa Akira, Annabelle Lee, Lexi Love en Teagan Presley) Chick Flixxx
wûn bêste orale sekssêne (mei Brooklyn Lee en Mike Adriano) American Cocksucking Sluts
wûn skandalichste sekssêne (mei Brooklyn Lee en Mike Adriano) American Cocksucking Sluts
2015 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Casey Calvert, Xander Corvus, Tommy Pistol en Michael Vegas) Nymphos

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: