Springe nei ynhâld

Ankel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lofterankel)
It rjochterankel mei de karakteristike knobbe (malleolus lateralis).

It ankel is it diel fan it minsklik lichem dat de ûnderskonk mei de foet ferbynt. It wurd is nei alle gedachten besibbe oan it Latynske angulus en it Grykske ἀγκύλος, ankúlos, dat beide "bûgd" betsjut. It ankel is werom te kennen oan twa útstekkende bonkeknobben, ien oan 'e bûtenkant (d.w.s. de kant dy't fan it lichem ôf wiist), de malleolus lateralis, en ien oan 'e binnenkant (de kant dy't nei de oare foet ta wiist), de malleolus medialis. De malleolus medialis sit in bytsje heger as de malleolus lateralis. De malleolus lateralis is de ûnderste útein fan 'e kûtbonke, wylst de malleolus medialis de ûnderste útein fan 'e skynbonke is.

It ankel is in gewricht dat eins opboud is út twa ferskillende gewrichten: de boppeste sprong en de ûnderste sprong. Yn it medyske jargon wurdt mei de term 'ankel' eins inkeld de boppeste sprong oantsjut, mar yn 'e folksmûle wurdt gjin ûnderskie makke tusken de beide sprongen.

Dwerstrochsneed fan it ankel. De skynbonke (loftsboppe) en de kûtbonke (rjochtsboppe) foarmje de ankelfoarke dy't om 'e sprongbonke (midden) hinne sit. Dêrûnder de hakbonke.

De boppeste sprong of articulus talocruralis soarget foar de op- en delgeande beweging fan 'e foet, dy't dêrtroch 20° omheech lutsen (dorsaalfleksje) en 50° omleech strutsen (plantêrfleksje) wurde kin. De boppeste sprong is in kniergewricht dat de skynbonke (tibia) en de kûtbonke (fibula) ferbynt mei de sprongbonke (talus). De ûnderste úteinen fan 'e skyn- en kûtbonke foarmje de ankelfoarke, dy't om 'e sprongbonke hinne sit. De kûtspier soarget yn gearwurking mei de haksine (of achillespiis) foar it strekken fan 'e foet troch de hakbonke (calcaneus) omheech te lûken. De foarskynspier (musculus tibialis anterior) bewurkmasteret it omheechlûken fan 'e foet.

De ûnderste sprong of articulus talocalcaneonavicularis soarget foar it kanteljen fan 'e foet. Sadwaande kin de fuotsoal 30° nei binnen (d.w.s. yn 'e rjochting fan 'e oare foet) ta (ynverzje) en teffens 20° nei bûten (d.w.s. fan it lichem ôf) ta kantele kantele wurde (everzje). De ûnderste sprong wurdt foarme troch de gewrichtsflakken tusken trije fuotwoartelbonkjes: de sprongbonke (talus), de hakbonke (calcaneus) en de os naviculare.

It ankel is in kwetsber diel fan it minsklik lichem, dat maklik ferwûne reitsje kin. In blessuere dy't in protte foarkomt is ferstûking. Dat bart fral wannear't de foetsoal te fier nei binnen ta bûgd wurdt, wat meastal it gefolch is fan in misstap wêrby't it lichemsgewicht op it by fersin bûgde ankel komt te rêsten. Yn it medyske jargon hjit soks 'ynverzjetrauma'. Dêrby wurde ien of mear fan 'e ankelbannen dy't oan 'e bûtenkant fan it ankel sitte, te fier oprutsen of skuord. In ferstûke ankel is daliks sichtber trochdat der in oansjenlike aaifoarmige tining oan 'e bûtenkant fan it gewricht ûntstiet. Oant de ferstûking genêzen is, sil it dan tige pynlik wêze om op it ankel te stean of te rinnen, benammen as dêrby in beweging nei binnen ta makke wurdt. Boppedat is it brûken fan in ferstûke ankel los fan 'e pine ek net oan te rieden om't dêrby fierdere skea oan it dochs al skeinde lichemsdiel tabrocht wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.