Springe nei ynhâld

Brooklyn Lee

Ut Wikipedy
Brooklyn Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nina Ramos
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1989
berteplak ? (Ohio)
etnisiteit Yndiaansk
Portorikaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20102013
offisjele webside
brooklyn-lee.com

Brooklyn Lee, echte namme: Nina Ramos (yn Ohio, 1 juny 1989), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Yndiaansk, Portorikaansk en Sweedsk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol misstavere as Brooklynn Lee. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2012 wûn se û.m. de AVN Award foar bêste nije stjer. Yn 2013 beëinige Lee har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lee waard yn 1989 berne yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de dochter fan in etnysk Portorikaanske heit en in mem dy't fan mingd Yndiaansk en Sweedsk komôf wie. Hja groeide fierhinne op yn Ohio, mar wenne as bern ek op Porto Riko en yn Kentucky, New York, Pennsylvania en Kanada. Neffens eigen sizzen begûn Lee foar it earst nei pornofilms te sjen doe't se tsien jier wie.

Brooklyn Lee yn 2012.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, sudearre se koart oan in universiteit foar't se har stúdzje ôfbriek. Dêrnei wurke se in hoartsje as sekretarieel meiwurkster yn Boston. Letter wurke Lee as servearster yn in stripklub yn New York, dêr't se yn 2007, fuort nei har achttjinde jierdei, as stripper oan 'e gong gie. Letter ferhuze se nei Los Angeles om in karriêre as pornoaktrise nei te stribjen.

Yn 2010, doe't se 21 jier wie, liet Lee har dêr ynskriuwe by it foaroansteande ympressariaat LA Direct Models, en datselde jiers makke se har debút yn in pornografyske film. Yn novimber 2011 tekene se in eksklusyf kontrakt mei Spiegler Girls, it ympressariaat fan Mark Spiegler. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 210 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Shane's World, Digital Sin, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Adam & Eve en Hustler Video.

Dêrnjonken wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas Legend Video, Mike Adriano Media, Pure Play Media, Seymore Butts Home Movies, Third Degree Films, West Coast Productions en Girlfriends Films. Ek spile se yn films fan it Kanadeeske Mile High Media, it Sweedske Private en it Frânske Vidéo Marc Dorcel. Teffens wurke se in protte foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America, Brazzers en Dogfart.

Guon fan Lee har bekendste films wiene Spider-Man XXX: A Porn Parody (2011), in parody fan Vivid Superhero op 'e Spider-Man-superheldefilms; Voracious (2012); en The New Behind the Green Door (2013), in remake fan 'e pornoklassiker Behind the Green Door, út 1972. Yn dy lêste film fertolke Lee de rol fan haadpersoan Hope, dy't ûnder har syktocht nei har biologyske mem bestrûpt rekket yn in trange ûnderwrâld. Lee wie ûnder har pornokarriêre tige súksesfol. Se wûn njoggen AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2012 dy yn 'e kategory bêste nije stjer, en waard noch fyftjin oare kearen nominearre foar in AVN Award. Yn 2013 wûn se fierders de Xbiz Award yn 'e kategory froulike artyst fan it jier.

Brooklyn Lee yn 2011.

Lee beëinige har karriêre as pornoaktrise op 1 maaie 2013, in beslút dat se letter befêstige yn in fraachpetear mei AVN, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby joech se oan dat de twafâldige reden foar har beslissing wie dat se har talizze woe op in oplieding en dat se no in fêste relaasje mei in freon hie, en dat se dêrom gjin geslachtsferkear mei oare manlju mear hawwe woe. Lee ferwidere ek har Twitter- en Tumblr-siden, en is langer net mear aktyf op 'e sosjale media.

Mainstream-aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brooklyn Lee wurke ek mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Raise Your Glass, út 2010, fan 'e Amerikaanske sjongster Pink. Dêryn wie hja mei trije oare LA Direct Models blyndoeke te sjen wylst se molken waarden om in flesse te foljen dêr't neitiid in keal út boarnd waard. Yn deselde fideoklip wie Lee ek te sjen yn in sêne wêryn't der roazebledsjes út har mûle wei de loft yn sjitte. Yn 2013 wurke Lee yn 'e mande mei fyftjin oare Amerikaanske pornoaktrises mei oan 'e dokumintêre Aroused, fan regisseur Deborah Anderson.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brooklyn Lee is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Se hat gjin piercings, mar al ferskate tatoeaazjes: in heraldyske leelje ûnder har nâle; de tekst "Love" oan 'e binnenkant fan har rjochterûnderearm; stjerren oan 'e bûtenkant fan har lofterankel en op har lofterfoet; de tekst "Memento Mori" op har bopperêch; en de tekst "Veritas" op har rjochtermulfinger.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste striptease The Bombshells 3
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas) Girlfriends 3
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas) Girlfriends 3
nominearre bêste anale sekssêne (mei Xander Corvus) Spider-Man XXX: A Porn Parody
nominearre bêste byrol fan in aktrise Spider-Man XXX: A Porn Parody
wûn bêste lesbyske groepsekssêne (mei Diamond Foxxx, Zoey Holloway en Missy Martinez) Cherry 2
wûn bêste orale sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano) American Cocksucking Sluts
wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Ian Scott) Private Blockbusters 7: Mission Asspossible
wûn skandalichste sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano) American Cocksucking Sluts
wûn bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
wûn orgastysk oraliste n.f.t.
2001 AVN Award nominearre bêste striptease Big West Asses 21
nominearre bêste POV-sekssêne (mei David Perry) Perryvision 2
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Lea Lexis en Manuel Ferrara) Voracious
nominearre bêste groepsekssêne (mei Skin Diamond, Misty Stone, Mika Tan, Dane Cross, James Deen en Alex Gonz) Official The Hangover Parody
nominearre bêste groepsekssêne (mei Sandra Romain, David Perry en Ian Scott) Voracious
nominearre bêste aktrise Voracious
nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
nominearre bêste senario (mei Lea Lexis en John Stagliano) Voracious
wûn bêste lesbyske groepssekssêne (mei Samantha Bentley en Ruth Medina) Brooklyn Lee: Nymphomaniac
wûn bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Oil Overload 7
wûn bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Asa Akira en James Deen) Asa Akira Is Insatiable 3
wûn skandalichste sekssêne (mei Rocco Siffredi) Voracious
Xbiz Award nominearre bêste aktrise yn in feature-film Voracious
wûn froulike artyst fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre bêste aktrise Voracious
nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
wûn orgastysk oraliste n.f.t.
wûn superslet n.f.t.
2014 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Ryan Madison) Get My Belt
nominearre bêste aktrise The New Behind the Green Door
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Jesse Jane, Stoya en Johnny Sins) Bridesmaids
nominearre bêste sekssêne yn in feature-film (mei James Deen) The New Behind the Green Door
nominearre bêste sekssêne yn in feature-film (mei Jon Jon, Prince Yashua en Nat Turnher) The New Behind the Green Door
nominearre bêste byrol fan in aktrise The New Behind the Green Door
nominearre bêste aktrise Bridesmaids
XRCO Award nominearre bêste aktrise The New Behind the Green Door

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.