Springe nei ynhâld

Mulfinger

Ut Wikipedy
De mulfinger.

In mulfinger of middelfinger (Latyn: digitus medius) is by minsken de trêde finger fan 'e hân, rekkene fan 'e tomme ôf. De mulfinger grinzget oan 'e wiisfinger en de ringfinger, en hat krekt as de oare trije 'echte' fingers (mar oars as de tomme) trije keatsjes en twa gewrichten. Yn 'e genêskunde wurde de fingers nûmere mei Romeinske sifers begjinnend by de tomme, en sadwaande wurdt de mulfinger dan oantsjut as digitus III (digitus tertius), ôfkoarte ta dig. III.

De mulfinger is berucht om it gebeart fan it opstekken fan 'e mulfinger, dat as tige obseen beskôge wurdt. Dy praktyk is teminsten 2.500 jier âld en giet tebek op 'e Klassike Aldheid fan Grikelân, dêr't it gebeart κατάπυγον, katapugon, neamd waard, en ferwiisde nei homoseksualiteit of anale seks yn it algemien (fan kata, "omleech", en pugē, "anus"). Dat gebeart waard mank de âlde Griken alhiel net as misledigjend beskôge, mar sjoen as in útnûging ta it bedriuwen fan anale seks. It wie sa ynboargere dat it ek yn toanielstikken brûkt waard.

De Romeinen namen it gebeart fan 'e Griken oer en neamden it digitus impudicus, "de brutale finger". Oars as by de Griken gou it mank de Romeinen wol deeglik as in obseen en misledigjend gebeart. Mei de groei fan it Romeinske Ryk waard it oer hast hiel Jeropa ferspraat. Troch dy algemiene fersprieding is dit gebeart oant hjoed de dei ta yn gebrûk bleaun, wêrby't it lykwols yn Nederlân en oare dielen fan noardlik Jeropa yn ûnbrûk rekke wie oant it mids tweintichste iuw wer oerwaaide út 'e Feriene Steaten, dêr't it de betsjutting krigen hie fan: "gean hjir mar op sitten" of "stek dit mar yn dyn kont".

It opstekken fan 'e mulfinger tsjin in plysje is yn Nederlân strafber ûnder kêst 266 fan it Wetboek fan Strafrjocht: mislediging fan in plysjeman yn funksje. De maksimale straf bedraacht in fearnsjier finzenisstraf of in jildboete fan 'e twadde kategory. Ut jurispredinsje falt op te meitsjen dat de hichte fan 'e boete almeast tusken de 300 en €500 útfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.