Skin Diamond

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Skin Diamond
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Skin Diamond.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Raylin Joy, Skinn
echte namme Raylin Joy Christensen
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 febrewaris 1987
berteplak Ventura (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
Flag of Denmark.svg  Deensk
Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Ethiopia.svg Etiopysk
Flag of Serbia.svg Servysk
Flag of the Czech Republic.svg Tsjechysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf 20092016
offisjele webside
skindiamondvip.com

Skin Diamond, ek bekend as Raylin Joy, echte namme: Raylin Joy Christensen (Ventura (Kalifornje), 18 febrewaris 1987), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't earder ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Skinn. Hja sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Diamond krige grutte populariteit en wûn ûnder mear twa AVN Awards, de Oscars fan 'e pornosektor. Yn 2016 beëinige se har karriêre as pornoaktrise om fierder te gean as mainstream-aktrise, sjongster en lietsjeskriuwster.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diamond waard yn 1987 berne yn Ventura, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se is fan mingd Deensk, Dútsk, Etiopysk, Servysk en Tsjechysk komôf. Fanwegen har negroïde uterlik, dat komt troch har Etiopyske bloed, identifisearret se har foar it meastepart as Afro-Amerikaansk. Nei eigen sizzen waard se as bern in protte narre mei har hûdskleur.

Doe't se trije jier wie, ferfear Diamond mei har âldelju, dy't kristlike sindelingen wiene, nei Skotlân, dêr't se krapoan tweintich jier trochbrocht. Se groeide sadwaande op yn Dunfermline en krige in frij strange opfieding. Har heit, Rodd Christensen, krige yn it Feriene Keninkryk bekendheid as it personaazje Spencer út 'e bernesearje Balamory, in produksje fan BBC Scotland. Diamond spile as teenager ek yn dy tillefyzjesearje, tegearre mei har suster Heather. Har earste baan hie se as meiwurker fan in kres.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diamond sette mei har karriêre útein as model foar de Kalifornyske neakenfotografywebside GodsGirls, foar't se as keunstmodel begûn te wurkjen. Letter wie se ek aktyf as fetysjmodel foar fotografen út sawol Jeropa as de Feriene Steaten, dy't oanlutsen waarden troch har unike uterlik. Yn 2009 posearre se foar de omslach fan Bizarre, nei't se de earste covergirl-syktocht fan dat tydskrift wûn hie. Neitiid waard se yn Londen oannommen troch it modelleburo Girl Management. Yn in fraachpetear sei Diamond letter dat se altyd yntrigearre west hie troch seks en froulju. Yn 2009 makke Diamond har debút yn in pornografyske film, yn in sêne mei Joanna Angel en James Deen. Hja wie doe 22 jier. Neffens har bedarre se min ofte mear by fersin yn 'e pornoyndustry. Se besocht it geheim te hâlden foar har âlden, mar dy ûntdieken it binnen in moanne. Har heit wie fral bang dat se fan 'e porno oan 'e drugs en yn 'e prostitúsje reitsje soe.

Skin Diamond op it AVN Adult Entertainment Expo yn 2016.

De folgjende sân jierren spile Diamond yn sa'n 350 films, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Penthouse, Vivid Entertainment, Adam & Eve, Elegant Angel, Digital Playground, Hustler Video, Digital Sin, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Evil Angel en Devil's Film. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Metro en Girlfriends Films. Ek wie se te sjen yn produksjes fan studio's út oare lannen, lykas it Dútske Magmafilm, it Frânske Vidéo Marc Dorcel en it Kanadeeske Mile High Media. En ta einsluten wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Kink.com.

Yn 2012 wûn Diamond de Urban X Award yn 'e kategory artyste fan it jier. Yn 2013 wûn se de Xbiz Award foar bêste byrol fan in aktrise. Yn 2014 wûn se twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) yn 'e kategoryen bêste orale sekssêne en bêste sekssêne mei dûbele penetraasje, beide foar har optreden yn 'e film Skin. En yn 2015 wûn se jitris in AVN Award, diskear yn 'e kategory bêste anale sekssêne, foar har optreden mei Rocco Siffredi yn 'e film Rocco's Coming in America.

Njonken har pornografyske karriêre wurke Diamond yn 2011 as fotomodel mei oan in rige advertinsjes foar it tydskrift i-D, klaaid yn produkten fan Louis Vuitton en American Apparel. Yn 2012 posearre se foar striptekener David W. Mack, dy't har as it personaazje Echo tafoege oan 'e rige Daredevil: End of Days fan Marvel Comics. Yn 2013 posearre Diamond fierders foar de foaroansteande fotograaf Terry Richardson. Datselde jiers die se foar it earst wat mei muzyk, doe't se it liet Sex in a Slaughter House skreau en de byhearrende fideoklip makke as ûnderdiel fan in sêne dy't se opnaam foar Brazzers.

Yn 2014 spile Diamond mei kollega-pornoaktrise Allie Haze yn 'e fideoklip fan it liet John Doe, fan 'e Amerikaanske rapper B.o.B en Priscilla Renea. Yn july fan datselde jier stie se as neakenmodel mei in fotoreportaazje yn it neakenblêd Penthouse as de Penthouse Pet of the Month. Fierders wie Diamond yn 2014 ek as regisseur belutsen by twa pornofilms: Dollhouse, fan 'e lytse studio Deviant Entertainment, en Nerdgasm, fan Girlfriends Films. Yn 2015 waard se troch de Penthouse útroppen ta de Penthouse Pet of the Year Runner-up (d.w.s. dat se it twadde plak behelle).

Yn 2016 loek Diamond har út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom om har ta te lizzen op in nij wurkpaad as mainstream-aktrise, sjongster en lietsjeskriuwster ûnder har wiere namme Raylin Joy. Se makke in súksesfolle crossover en waard cast as Dylan Quinn yn 'e tillefyzjesearje Submission, fan 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Showtime. Fierders brocht Diamond yn 2016 ek har earste fiif offisjele singles út, te begjinnen mei Fire.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diamond is nei eigen sizzen biseksueel. Hja wennet yn Hollywood, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Har hobbys binne skilderjen en pealdûnsjen.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skin Diamond is negroïde, mei brune eagen en swart hier, dat se gauris rôze of pears fervet. Se stiet bekend om it feit dat se har holle oan ien side keal skeart. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike cupmaat 32B. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Diamond ek in nâlpiercing en piercings troch har rjochternoaswjuk en har beide spiennen.

Doe't se yn har jonkheid ris in stunt mei fjoer die mei guon lju dy't gjin idee hiene wat se útfûnen, gie alles mis en rekke Diamond mei twaddegraads brânwûnen yn it sikehûs. Se helle it by de dea om 't ôf, mar hie neitiid groeden oer in grut part fan 'e rêch. Dêr liet se doe in tatoeaazje fan in feniks oerhinne sette. Fieders hat se in tatoeaazje fan in ferpleechster mei in ynjeksjespuit op har lofterskouder; in stjer op eltse hân tusken de tomme en de wiisfinger; in blom op har lofterringfinger; de letters "LBST" krekt boppe de pols op har rjochterearm; en noch ferskate oare tatoeaazjes op har rjochterskouder, lofterearm en rjochterankel.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (mei Asa Akira) Orgasmic Oralists
nominearre bêste point of view-sekssêne (mei Joanna Angel en James Deen) POV Punx 4
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Lily Carter en Criss Strokes) Slut Puppies 5
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Mr. Pete en Mark Wood) Shut Up and Fuck
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Urban X Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Sean Michaels) Black Diamonds
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) Porn's Top Black Models
nominearre bêste triosekssêne (mei Bella Moretti en Mr. Marcus) Hitch Hikers 2
nominearre bêste anale sekssêne (mei Leilani Leeane en Mike Adriano) Black Anal Addiction
nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
wûn artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Lily Carter) Interracial Lesbian Romance
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Bonnie Rotten en Asphyxia Noir) Meet Bonnie
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Adrianna Luna en Celeste Star) Mind Fuck
nominearre bêste anale sekssêne (mei Nacho Vidal) Nacho Vidal: The Sexual Messiah
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Joanna Angel en Ramon Nomar) Joanna Angel: Filthy Whore
nominearre bêste groepsekssêne (mei Brooklyn Lee, Misty Stone, Mika Tan, Dane Cross, James Deen en Alex Gonz) Official The Hangover Parody
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste byrol fan in aktrise Revenge of the Petites
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Kleio Valentien) The Walking Dead
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Prince Yahshua) Deep Pussy
nominearre bêste anale sekssêne (mei L.T.) Skin
nominearre bêste groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Veruca James, Sarah Shevon, Aiden Starr, James Deen,
Jon Jon, Mr. Pete en Tommy Pistol)
Orgy University
nominearre bêste groepsekssêne (mei Billy Glide, Tommy Pistol, Will Powers, John Strong en Mark Wood) Skin Diamond: No Limits
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste orale sekssêne Skin
wûn bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Marco Banderas en Prince Yahshua) Skin
Xbiz Award nominearre bêste sêne (non-feature) (mei Marco Banderas en Prince Yahshua) Skin
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre superslet n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Asa Akira, Dani Daniels en Alexis Texas) Alexis & Asa
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Maddy O'Reilly en Erik Everhard) Maddy O'Reilly Is Slutwoman
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei James Deen en Mr. Pete) Performers of the Year 2014
nominearre skandalichste sekssêne (mei Ryan Madison) Dark Perversions 3
nominearre skandalichste sekssêne (mei Lea Lexus, Roxy Raye, Stoya, Wolf Hudson en Rocco Siffredi) Voracious: Season 2, Volume 4
nominearre bêste byrol fan in aktrise The Doctor Whore Porn Parody
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre mainstream-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste anale sekssêne (mei Rocco Siffredi) Rocco's Coming in America
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Emily Addison) Killers
nominearre bêste sekssêne yn in film mei in leafdestema (mei Nick Manning) White Witch
nominearre bêste sekssêne yn in featurefilm (mei Xander Corvus) Killers
nominearre bêste aktrise yn in featurefilm Killers
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre favorite pornoaktrise yn 'e mainstream-media n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Alina Li) Deviant Devil: Skin Diamond
nominearre bêste byrol fan in aktrise Love, Sex and TV News

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

singles
  • 2013 – Sex in a Slaughter House (ûnoffisjeel)
  • 2016 – Fire
  • 2016 – All Night
  • 2016 – Feel Me
  • 2016 – Karma
  • 2016 – Sunny Grey
  • 2017 – Wet Dreams
  • 2017 – Freak

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.