Springe nei ynhâld

Nacho Vidal

Ut Wikipedy
Nacho Vidal
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Nachu, Nachos Camachos
echte namme Ignacio Jordà González
nasjonaliteit Spaansk
berne 30 desimber 1973
berteplak Mataró (Spanje)
etnisiteit Katalaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, stripper,
regisseur, produsint,
senarioskriuwer, kameraman
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
www.nachovidal.com

Nacho Vidal, echte namme: Ignacio Jordà González (Mataró, 30 desimber 1973), is in Spaansk pornografysk akteur, stripper, regisseur, pornografyprodusint, senarioskriuwer, kameraman en mainstream-tillefyzjeakteur fan etnysk Katalaansk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder de nammen Nachu en Nachos Camachos. Hy waard mids jierren njoggentich ûntdutsen en wie in hoart de protezjee fan 'e ferneamde Italjaanske pornoakteur, regisseur en produsint Rocco Siffredi. Behalven heteroseksuële pornografy hat Vidal as regisseur en produsint ek transseksuële en homoseksuële porno makke.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vidal waard ein 1973 berne yn Mataró, yn 'e provinsje Barseloana, yn 'e Spaanske dielsteat Kataloanje. Doe't er noch tige jong wie, ferfearen syn âldelju mei him nei de stêd Falinsia, yn 'e dielsteat mei deselde namme, dêr't syn famylje oarspronklik wei kaam. Vidal waard berne yn in mear as begoedige fermidden, mar syn famylje rekke alle jild kwyt yn 'e Beurskrach fan 1987. Sadwaande moast Vidal op syn fjirtjinde fan skoalle om oan it wurk, om te helpen it gesin itende te hâlden. Yn syn tinerjierren wied er lid fan in punkband, en teffens died er oan boksen.

Doe't er mearderjierrich waard, naam Vidal tsjinst by it Spaanske Legioen, yn 'e Spaanske eksklave Melilla, op 'e Marokkaanske kust. Nei't er in pear jier letter ôfswaaid wie, sette er yn 1994, doe't er 21 jier wie, útein mei te wurkjen yn 'e live-pornoklub Bagdad, yn Barseloana, dêr't er stripte en yn it iepenbier seksuële omgong hie mei syn doetiidske freondinne, dy't de skûlnamme Jazmine brûkte. Dêr mette er José María Ponce, de direkteur fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana, dy't him yn 'e kunde brocht mei de Spaanske pornoyndustry.

Yn 1997 makke Vidal mei 24 jier syn debút yn in pornografyske film. Hy naam de skûlnamme Nacho Vidal oan. "Nacho" is de ropnamme-fariant fan syn echte foarnamme Ignacio, mar slacht ek op syn foarleafde foar nacho's, it leafst mei tsiis en salsa. Dat er dêrom bekend stiet, smiet him yn 2007 in – nei't men oannimme mei – lukratyf kontrakt op mei de Meksikaanske salsaprodusint Herdez, om dy harren produkten mei reklame op 'e Meksikaanske tillefyzje en yn tydskriften oan te priizgjen. Yn it reklamespotsje op 'e tillefyzje sit Vidal yn it bad as de Meksikaanske pornoaktrise Sandra Soto en Sofie Mijares de baaikeamer binnenkomme yn tsjûke wite badjassen en mei in blêd by harren dat folloege is mei nacho's, tsiis en salsa fan Herdez. Nei't se him tegearre op sensuële wize hapkes opfuorre hawwe, glidet it byld omleech nei de fuotten fan 'e froulju, wêrnei't te sjen is hoe't de beide badjassen op 'e flier falle en de froulju by Vidal yn it bad stappe foar in trioke. Dan ferskynt de Spaanske tekst: "Meitsje jó libben ek pittiger" yn byld.

As begjinnend pornoakteur waard Vidal op sleeptou nommen troch de ferneamde en yn it sâlt bebitene Italjaanske akteur, regisseur en produsint Rocco Siffredi, dy't him 1998 meinaam nei de Feriene Steaten en him yn Hollywood oeral yntrodusearre. Letter kaam it ta in brek tusken de beide mannen. Yn syn karriêre hat Vidal oant no (ein 2013) ta, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn 492 pornofilms spile, al sprekke oare boarnen fan mear 1.500 films. Dêrmei hat er troch de jierren hinne in grut tal prizen wûn, wêrûnder in Ninfa Award op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana, en sân Amerikaanske AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), wylst er dêropta noch 24 kear foar sa'n AVN Award nominearre west hat.

Vidal wurke almeast foar foaroansteande Amerikaanske studio's as Evil Angel, New Sensations, Digital Playground, Devil's Film en Digital Sin, al spile er ek wol yn films fan Jeropeeske labels as Private en Vidéo Marc Dorcel. Uteinlik rjochte er syn eigen filmstudio op, Nacho Vidal Productions. Njonken syn karriêre as pornoakteur wied er fan 2000 ôf ek wurksum as regisseur fan 140 films (neffens de IAFD), frijwol útslutend foar Evil Angel en New Sensations. Dêrby beheinde er him net ta heteroseksuële pornografy, mar makke er ek transseksuële en homoseksuële porno (hoewol't er oanjûn hat sels heteroseksueel te wêzen).

Op 31 maaie 2005 kundige Vidal oan dat er him per direkt weromloek út 'e pornoyndustry. Hy troude mei de Kolombiaanske pornoaktrise Franceska Jaimes, en sette him nei wenjen yn in filla dy't foar de Beurskrach fan 1989 fan syn famylje west hie, yn it doarp Enguera, yn 'e Spaanske dielsteat Falinsia. Seis wiken letter rûn syn houlik lykwols al op 'e klippen; hy en Jaimes skieden, en Vidal pakte syn pornokarriêre wer op. Hoewol't er út dit koarte houlik gjin bern krige, hat er in dochter út in eardere relaasje mei de Fenezolaanske Rosa Castro. Njonken syn pornokarriêre hat Vidal ek as mainstream-akteur te sjen west yn 'e Spaanske films El Alquimista Impaciente (2002), Va a Ser Que Nadie Es Perfecto (2006) en Impávido (2012), en yn 'e tillefyzjesearje Los Simuladores.

Gerjochtlike ferfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 16 oktober 2012 waarden Vidal en syn suster María José Jordà González yn Barseloana arrestearre op fertinking fan belestingûntdûking en wytwaskjen fan jild foar de Sineeske organisearre misdie. Hja wiene twa fan likernôch 80 arrestanten yn dy saak, wêrby't de Spaanske plysje ynfallen die by sa'n 120 bedriuwen yn 'e haadstêd Madrid en yn Barseloana. Wylst it Spaanske Iepenbier Ministearje Vidal yn it tichthûs hâlde wol wylst it ûndersyk rûn, akseptearre rjochter Fernando Andreu op 19 oktober it argumint fan Vidal syn abbekaat dat der gjin kâns bestie dat er it lân ûntflechtsje soe, mei't er in kontrakt tekene hie om mei te dwaan oan in realityprogramma op 'e Spaanske tillefyzje, wêrfoar't er 24 oeren deis ûnder kameratafersjoch stie. Sadwaande kaam Vidal op boarchtocht frij. Hy hold út dat er ûnskuldich wie. De saak rint noch.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
1999 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Face Dance Obsession
2000 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske publikaasje (mei Kelly Stafford, Alba Del Monte en Rocco Siffredi) When Rocco Meats Kelly 2: In Barcelona
2001 AVN Award wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske publikaasje (mei Jazmine en Isabella) Buttman's Anal Divas
XRCO Award wûn bêste triosekssêne f/f/m (mei Brenda Black en Jessica Fiorentino) Please 9: Sex Warz
2002 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2001 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Belladonna) Back 2 Evil
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Belladonna, Sarah O'Neil en Daniella Schiffer) Rocco: Animal Trainer 10
nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Taylor Rain) Erotica XXX
nominearre skandalichste sekssêne (mei Belladonna en Carol) She-Male Domination
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Belladonna) Back 2 Evil
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Ashley Long, Julie Night en Manuel Ferrara) Back 2 Evil
FICEB Ninfa Award wûn bêste travestitefilm Travestis Dominados por Nacho
XRCO Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Ashley Long, Julie Night en Manuel Ferrara) Back 2 Evil
2005 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (fideo) (mei Belladonna) Bella Loves Jenna
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne (fideo) (mei Katsuni) Fashionistas Safado: The Challenge
nominearre bêste byrol fan in akteur (fideo) Fashionistas Safado: The Challenge
2008 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Melissa Lauren) Fashionistas Safado: Berlin
nominearre bêste byrol fan in akteur Fashionistas Safado: Berlin
2009 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Melissa Lauren) Casino, No Limit
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Tarra White) Pornochic 17: Tarra White
nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Bobbi Starr en Felipe Vernes) Made in Brazil 4
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Gracie Glam) Gracie Glam: Lust
nominearre bêste anale sekssêne (mei Kelly Divine) Kelly Divine is Buttwoman
nominearre bêste anale sekssêne (mei Bobbi Starr) Shut Up and Fuck
nominearre bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) Nacho Invades America
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Amy Brooke en Gracie Glam) Nacho Vidal vs. Live Gonzo
nominearre skandalichste sekssêne (mei Franceska Jaimes) Nacho Vidal vs. Live Gonzo
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste anale sekssêne (mei Asa Akira) Asa Akira Is Insatiable 2
wûn bêste triosekssêne f/f/m (mei Kristina Rose en Jada Stevens) Ass Worship 3
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
Urban X Award nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Dana DeArmond en Franceska Jaimes) Nacho Vidal Back to the USA
Xbiz Award wûn bûtenlânske manlike artyst fan it jier n.f.t.
Turia Award wûn Huevo de Colón Award ("Aai fan Kolumbus-priis") n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Franceska Jaimes) Fucking Tour
nominearre bêste anale sekssêne (mei Chanel Preston) Nacho Vidal: The Sexual Messiah 2
nominearre bêste anale sekssêne (mei Skin Diamond) Nacho Vidal: The Sexual Messiah 2
nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Alexis Ford) Alexis Ford: Darkside
Xbiz Award wûn bêste sekssêne yn in gonzo/non-feature-publikaasje n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Penelope Crunch en Franceska Jaimes) Fuck, Yeeaaah!!!!

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.