Alina Li

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alina Li
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Alina Li.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 septimber 1993
berteplak Sjanghai (Sina)
etnisiteit Flag of China (1912–1928).svg Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
www.officialalinali.tumblr.com

Alina Li, echte namme ûnbekend (Sjanghai, 8 septimber 1993), is in Sineesk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Sineesk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en in natuerlike kupmaat 34B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alina Li waard yn 1993 berne yn Sjanghai, yn Sina, mar groeide grutdiels op yn 'e Feriene Steaten. Mei't har âlden skieden doe't hja trije jier wie, waard se fierhinne grutbrocht troch in ferskaat oan famyljeleden, wêrûnder har pake en beppe en ferskillende omkes en muoikes. Mei tweintich jier, twa moanne nei't se slagge wie foar har middelbere-skoaleksamen, makke Li yn 2013 har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja sûnt yn krapoan 90 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Wicked Pictures, Digital Playground en Jules Jordan Video. Ek hat se wurke foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel. Dêrnjonken hat Li ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings en Brazzers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: