Springe nei ynhâld

Heup

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lofterheup)
Skelet fan it minsklik bekken, foaroansjoch.
1=krúsbonke, 2=termbonke, 3=sitbonke, 4=skambonke (4a=corpus, 4b=ramus superior, 4c=ramus inferior, 4d=tuberculum pubicum), 5=symfyse (of skambonkefoech), 6=heuppotsje (acetabulum), 7=foramen obturatum, 8=sturtbonke (os coccygis), reade stippelline=linea terminalis

De heup of heupbonke (ek bekend ûnder de Latynske oantsjutting os coxae, letterlik: "heupbonke", fan os, "bonke" en coxa, "heup") is by wringedieren in diel fan it skelet dat de skonk (by minsken) of de efterpoat (by bisten) mei de romp fan it lichem ferbynt.

De heup of heupbonke bestiet by minsken út trije bonken, dy't yn 'e puberteit oaninoar groeie. Dat binne:

De heupbonke makket op syn beurt wer ûnderdiel út fan it bekken.

In wichtich part fan 'e heupbonke is it heuppotsje, dêr't it heupgewricht yn draait dat oan 'e bilbonke fêstsit. It kreakbien op dat gewricht stiet geandewei it minsklik libben bleat oan slitaazje. As dy slitaazje slimme foarmen oannimt, liedt dat ta swiere pine. It is mooglik om yn sokke gefallen it gewrichtsoerflak te ferfangen troch in proteze, dy't in keunstheup neamd wurdt. Dat is lykwols in needoplossing, dy't inkeld fan stâl helle wurdt as it echt net oars mear kin.

By beskate hûnerassen komt in genetyske oandwaning foar dy't heupdysplasy hjit. Dêrby wurde ek de heupgewrichten oantaast.

By minsken is de heup in útstekkend en dêrtroch gâns sichtber diel fan it lichem. Yn 'e Westerske kultuer wurde froulju mei grutte boarsten, in smelle mul en brede heupen faak oantreklik fûn. Om mear oandacht op 'e heupen (en de stuten) te fêstigjen, rinne froulju soms op in manear dy't heupwidzjend neamd wurdt, wêrby't ûnder it rinnen (ûnnedich) sterk mei de heupen draaid wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatuurverwijzingen, op dizze side.