Blacks on Blondes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan BlacksOnBlondes)
Blacks on Blondes
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske webside
haadkertier Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 1996
mem Dogfart
offisjele webside
www.blacksonblondes.com

Blacks on Blondes (Ingelsk, letterlik: "Swarten op Blondines"), ek wol stavere as BlacksOnBlondes, is in Amerikaanske pornografyske webside, fêstige yn Los Angeles, dy't him útslutend taleit op it produsearjen fan ynterrasiale pornografy fan swarte manlju en blanke froulju.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blacks on Blondes waard yn 1996 oprjochte troch de pornografyske filmstudio Dogfart as ien fan 'e earste websiden op it ynternet dy't him eksklusyf talei op it meitsjen fan ynterrasiale pornografy. Dêrmei waard foldien yn in fraach dêr't oant doe ta noch net yn foarsjoen wie. De webside waard al rillegau tige populêr. Inkele jierren letter lansearre Dogfart in susterwebside fan Blacks on Blondes, mei as namme Gloryhole.com. Ek dy site lei him ta op ynterrasiale pornografy, mar dan mei gloryholes. Tsjintwurdich runt Dogfart in netwurk fan yn totaal 21 ynterrasiale pornowebsiden, wêrfan't Blacks on Blondes fierwei de bekendste is. Fans kinne troch lid te wurden fan ien fan dy websiden op alle 21 telâne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: