Springe nei ynhâld

Gloryhole

Ut Wikipedy
In gloryhole yn in húske.

In gloryhole is in Ingelske sprektaalterm foar in gat yn in wand, mei as bedoeling om it mooglik te meitsjen dat persoanen anonym seks hawwe. Gloryholes komme ornaris foar yn iepenbiere húskes of tusken kabines yn pornografyske arkadehallen. Dêrby is it de bedoeling dat de manlike partner, of ien fan 'e manlike partners, syn ereksje troch it gat hinne stekt, sadat de oare partner him seksueel befredigje kin. Dat bart meastal troch it hawwen fan orale seks, mar soms is der ek sprake fan faginaal of anaal geslachtsferkear.

Gloryholes binne yn it bysûnder assosjearre mei de homo-subkultuer. Faak wurdt dêrby gebrûk makke fan in gloryhole as ien of beide fan 'e seksuële partners himsels net identifisearret as homoseksueel of biseksueel, mei't de wand foar anonimiteit soarget. Gloryholes binne soms ûnderwerp fan eroatyske literatuer en faker noch fan pornografyske films. It bestean fan gloryholes waard by in breder publyk bekendmakke troch in passaazje út 'e Hollywood-komeedzje The Sweetest Thing, út 2002, wêrby't it personaazje fan aktrise Cameron Diaz, dat noch nea fan in gloryhole heard hat, in ereksje yn it each kriget as se troch it gat besiket te gluorkjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.