Rachel Roxxx

Ut Wikipedy
Rachel Roxxx
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rachel Lyn, Rachel Lynn,
Rachel Roxx
echte namme Rachel Lyn Cooper
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 maart 1983
berteplak San Antonio (Teksas)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Welsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
www.rachelroxxx.com

Rachel Roxxx, echte namme: Rachel Lyn Cooper (San Antonio (Teksas), 2 maart 1983), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Rachel Lyn of Rachel Lynn. Har hjoeddeistige skûlnamme wurdt gauris misstavere as Rachel Roxx. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Roxxx hat ûnderwilens fiif nominaasjes foar in AVN Award binnenhelle. Hja wennet op 't heden yn Los Angeles.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roxxx waard yn 1983 berne yn San Antonio, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as in iennichst bern. Neffens eigen sizzen hie se foar de earste kear geslachtsferkear doe't se fjirtjin jier wie. Letter wurke se yn in restaurant fan Hooters, in keatling breastaurants dy't him foarstean lit op syn romboarstige jonge servearsters. Noch letter wie se ien fan 'e eigners fan in linzjerywinkel. Mei 21 jier krige se belangstelling foar in karriêre as pornoaktrise doe't in eardere freondinne fan 'e middelbere skoalle har fertelde hoefolle jild oft dêrmei te fertsjinjen wie.

Nei't se in pear jier letter yn Las Vegas de útrikkingsseremoanje fan 'e AVN Awards, de wichtichste prizen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, bywenne hie, ferfear Roxxx nei Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, om in pornokarriêre nei te stribjen. Yn jannewaris 2007, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Shane's World College Amateur Tour. Har earste anale sekssêne die se foar de webside Brazzers yn 2009.

Rachel Roxxx yn 2009.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Roxxx begjin 2016 yn mear as 300 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Adam & Eve, New Sensations, Evil Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Hustler Video, Shane's World, Red Light District, Diabolic Video en ClubJenna.

Dêrnjonken hat Roxxx ek wol foar minder bekende studio's wurke, lykas West Coast Productions, Pure Play Media, Third Degree Films, Mike Adriano Media, Metro en Mile High Media. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Naughty America, Brazzers en Muffia. Roxxx is foar har wurk al fiif kear nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld),

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rachel Roxxx is blank, mei blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 46 kg, en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Hja hat piercings troch har nâle en har spiennen, in traguspiercing yn har lofterear, en in industrial-piercing troch har it kreakbien fan har rjochterear. Roxxx hat ek ferskate tatoeaazjes: trije stjerren op elts fan har hannen; de letters "M", "E", "O" en "W" (meow, Ingelsk foar "miau") op 'e knokkels fan har rjochterhân; in lytse tatoeaazje op har rjochterfoet; en in ûnderrêchtatoeaazje besteande út twa tribals mei in flinter yn 'e midden.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Aline, Lexi Belle, Penny Flame, Louisa Lanewood, Amber Rayne, Carolyn Reese, Holly West en Ariel X.) Bad News Bitches 3
2011 AVN Award nominearre bêste POV-sekssêne Virtual Reality Stimulator 3D
nominearre bêste groepsekssêne (mei Jessica Bangkok, Jazy Berlin, Dani Jensen, Jenny Hendrix, Julia Ann, Kerry Louise, Natasha Marley, India Summer,
Paul Chaplin, Seth Gamble, Billy Glide, Anthony Rosano en Will Powers)
Bonny & Clide
nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: