Hooters
Hooters | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | fastfoodrestaurant | |
haadkertier | Atlanta (Georgia) Clearwater (Floarida) | |
oprjochte | 1983 | |
oprjochter | Lynn D. Stewart et al. | |
mem | Nord Bay Capital | |
sifers | ||
omset | >$1 miljard | |
aktyf yn | ● Feriene Steaten ● 2 ûnynkorporearre terroaria ● 28 oare lannen | |
wurknimmers | 15.600 (2016) | |
tal lokaasjes | 590 (2016) | |
offisjele webside | ||
hooters.com |
Hooters is de registrearre merknamme dy't brûkt wurdt troch twa nau mei-inoar ferbûne Amerikaanske keatlings fan fastfoodrestaurants fan it type breastaurant. Dêrby giet it om Hooters, Inc., wêrfan't it haadkantoar fêstige is yn Clearwater, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, en Hooters of America, LLC, mei it haadkantoar yn Atlanta, yn 'e steat Georgia. Beide binne eigendom fan it ynvestearringsbedriuw Nord Bay Capital. Hooters begûn yn 1983 en ûnderskiedt him fan oare fastfoodrestaurants troch it inkeld oannimmen fan jonge tsjeppe (froulike) servearsters, leafst mei wielderige foarmen, dy't omrinne yn in straksittende wite himdsjes en straksittende oranje koarte broeken.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme "Hooters" is wurdboarterij. It ferwiist nei de ûle yn it logo fan it bedriuw, mei't it tiidwurd to hoot yn it Ingelsk it lûd oanjout dat dy fûgel makket. Men soe in ûle dêrom in hooter neame kinne. Mar hooters is ek in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm dy't "titen" betsjut. Dat ferwiist skynber nei de wielderige foarmen fan (guon) fan 'e servearsters, dy't Hooters Girls neamd wurde. It is dan ek net tafallich dat de eagen fan 'e ûle út it logo, dy't ek de beide o's fan it wurd "Hooters" foarmje, in treffende likenis fertoane mei de boarsten fan in frou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hooters (d.w.s. Hooters, Inc.) waard yn 1983 oprjochte troch seis sakelju út Clearwater yn 'e Amerikaanske steat Floarida: Lynn D. Stewart, Gil DiGiannantonio, Ed Droste, Billy Ranieri, Ken Wimmer en Dennis Johnson. As datum foar de oprjochting keazen se mei opsetsin 1 april út, om't se der yn 't earstoan fan útgiene dat it neat wurde soe mei dit bedriuw. It earste Hooters-restaurant waard boud op it plak fan in yn ferfal rekke nachtklub yn Clearwater, dat de mannen foar in sêft pryske op 'e kop tikje kinnen hiene. Op dat plak wiene al safolle bedriuwen oer de kop gien, dat se in lyts 'begraafplak' by de foardoar oanleine mei R.I.P.-buordsjes foar alle bedriuwen dy't Hooters dêre foargien wiene. It restaurant iepene syn doarren op 4 oktober 1983. Tsjin alle ferwachtings yn waard it bedriuw in súkses.
Yn 1984 kocht Hugh Connerty de oarspronklike oprjochters út en naam Hooters oer. Datselde jiers waard Connerty sels útkocht troch Robert H. Brooks en in groep ynvestearders út Atlanta, dy't datselde jier de oprjochters fan Hooters of America, LLC waarden. Hooters, Inc., it bedriuw út Clearwater, wreide út yn Floarida en oare dielen fan 'e Feriene Steaten, en krige de kontrôle oer de restaurants yn Tampa en St. Petersburg en omkriten, oan 'e westkust fan it Floarida-skiereilân, en fierders oer alle restaurants yn 'e stêdekloft fan Chicago en ien yn Manhattan, yn New York-Stêd. Alle oare restaurants kamen ta Hooters of America te hearren, en dat bedriuw ferkocht ek franchises oan selsstannige ûndernimmers yn 'e Feriene Steaten en wreide út nei it bûtenlân.
Yn 2002 kocht Brooks in mearderheidsoandiel yn Hooters en waard er algemien direkteur fan sawol Hooters, Inc. as Hooters of America, LLC. Hy kaam op 15 july 2006 yn Myrtle Beach yn Súd-Karolina hommels te ferstjerren oan in hertoanfal. Hy hie it meastepart fan Hooters yn syn testamint fermakke oan syn soan Coby Books en syn dochter Boni Belle Brooks. Neitiid joegen 240 persoanen en bedriuwen blyk fan belangstelling om Hooters of America te keapjen. Dêrfan diene santjin in bod, wêrnei't dat tal by ûnderhannelings werombrocht waard ta acht en doe ta trije.
Uteinlik namen de erven Brooks it bod fan Wellspring Capital Management oan, mar de keap gie net troch doe't Chanticleer Holdings út Charlotte (Noard-Karolina) op 1 desimber 2010 wegere dermei yn te stimmen. Chanticleer hie Hooters yn 2006 in liening fan $5 miljoen ferskaft en dêrby it 'rjocht fan earste wegering' betongen by in eventuele takomstige ferkeap fan Hooters. Dêr makke Chanticleer no gebrûk fan, mei as gefolch dat de erven Brooks kontraktueel twongen wiene om Hooters of America ynstee foar deselde priis oan Chanticleer te ferkeapjen.
Yn 2019 ferkochten de erven Brooks Hooters, Inc. oan it ynvestearringsbedriuw Nord Bay Capital, dat TriArtisan Capital Advisors oanloek om 'e restaurantkeatling te eksploitearjen. Datselde jiers naam Nord Bay Capital ek Hooters of America oer fan Chanticleer Holdings, sadat beide bedriuwen wer yn ien hân kamen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hooters is in keatling fan fastfoodrestaurants, dêr't hamburgers en oare sandwiches op it menu steane, mar ek steaks, seefruchten, ferskate liflafkes dy't oan it eigentlike miel foarôf geane, en, de spesaliteit fan it restaurant, chicken wings ("hinnewjukjes"). Hast alle Hooters-fêstigings beskikke oer drankfergunnings en kinne dus bier en wyn skinke. Wêr't dat tastien is, wurdt ek sterke drank oanbean. Fierders binne yn eltse fêstiging T-shirts, truien en in ferskaat oan oare sûvenirs te keap mei it Hooters-logo derop.
Hooters wie yn 2012 aktyf yn 'e Feriene Steaten, yn de Amerikaanske ûnynkorporearre terroaria Gûam en de Amerikaanske Famme-eilannen en yn 28 oare lannen en territoaria. Anno 2016 wiene der wrâldwiid mear as 430 Hooters-restaurants en -franchisenimmers, wylst Hooters of America 160 restaurants sels yn eigendom hat. Hooters of America hat 5.600 wurknimmers, en Hooters, Inc. en franchisenimmers mei-inoar nochris mear as 10.000. Hooters makket jiers mear as $1 miljard omset.
Njonken de restaurants is der ek in Hooters Casino Hotel, dat yn 2006 iepene waard oan 'e Las Vegas Strip yn Paradise (Nevada), in foarstêd fan Las Vegas. Dat omfettet in kasino mei in oerflak fan 3.300 m² en in hotel mei 696 keamers. It is de iennichste Hooters-fêstiging dêr't klanten oernachtsje kinne sûnt yn 2007 in Hooters Inn-motel oan 'e Interstate 4-autosnelwei by Lakeland (Floarida) sloopt waard. Hooters beskikt fan 2003 oant 2006 ek oer in eigen loftfeartmaatskippij, Hooters Air, wêrfan't de fleantugen bemanne wiene troch 'gewoane' stewardessen foar it 'serieuze' wurk, mar dêr't Hooters Girls it iten en drinken servearren.
Hooters Girls
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hooters ûnderskiedt him fan oare Amerikaanske fastfoodrestaurants trochdat der gjin (manlike) obers binne, en trochdat de (froulike) servearsters allegear jonge famkes binne fan teenageleeftyd of justjes âlder. Dyselden wurde selektearre op seksuele oantreklikens, en rinne om yn in unifoarm dat bestiet út in straksittend wyt himd en in straksittende oranje nylon koarte broek, wite sokken en wite sportskuon. It leafst binne se ek noch wat wielderich foarme, mei grutte boarsten ("hooters"). Dit is in gimmick om klanten te lokjen, en hoewol't der faak tige negatyf oer dien wurdt, is it poer saaklik beskôge beslist effektyf.
By Hooters wurkje wol manlju (en minder oantreklike froulju), mar dy wurde op 'e eftergrûn holden as koks, skjinmakkers en leden fan it management. It seleksjebelied foar servearsters hat laat ta ferskate rjochtsaken wêrby't Hooters oanklage waard troch manlike sollisitanten dy't ôfwiisd wiene omreden fan har sekse; dy binne oant no ta allegear bûten de rjochter om skikt, wêrby't de klagers ôfkocht binne mei oansjenlik jildbedraggen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|