Breastaurant

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In Hooters-servearster yn Singapore.

In breastaurant is in Ingelske term foar in restaurant (of restaurantkeatling) dat as gimmick gebrûk makket fan seksy servearsters dy't mar krap klaaid binne, bygelyks yn hotpants mei in bikinytopke of yn in lyts topke mei in minyrokje. Faak nimme sokke horekagelegenheden mei sin jonge froulju yn tsjinst mei in romboarstich foarkommen; dêrfandinne de term breastaurant, dat in gearlûking is fan 'e Ingelske wurden breast ("boarst") en restaurant – in "boarstaurant" dus.

Dit soarte ytgelegeheden waard fan 'e iere 1990-er jierren ôf tige populêr yn 'e Feriene Steaten. De âldste en bekendste breastaurant-keatling is Hooters, dat oprjochte waard yn 1983. Oaren binne Tilted Kilt Pub & Eatery, Redneck Heaven, Twin Peaks, Bikinis Sports Bar & Grill, Mugs & Jugs en Heart Attack Grill. Dizze restaurants ûnderskiede har net inkeld troch it betsjinjend personeel, mar faak ek troch in dûbelsinnige merknamme. Sa is Hooters bygelyks ferneamd nei de ûle yn it logo, want it Ingelske tiidwurd to hoot betsjut it lûd fan in ûle meitsje. Mar hooters is ek in Amerikaansk-Ingelsk sprektaalwurd foar "titen". De namme Twin Peaks ("twillingberchtoppen") slacht ek op boarsten, en jugs út Mugs & Jugs is ek in sprektaalterm foar "titen", al betsjut it ek "krûken" en soe de namme dus útlein wurde kinne as "mokken en krûken".

Behalven it moaie útsjoch biede breastaurants harren klandyzje yn 'e regel ek flirtende servearsters en goedkeape alkohol. Hoewol't dizze restaurantkeatlings bûten de Feriene Steaten in selden sjoen ferskynsel binne en sels binnen de Feriene Steaten minder as 1% fan 'e hiele restaurantsektor útmeitsje, dogge se oer it algemien bettere saken as in protte oare middenmoatrestaurants, lykas Applebee's en Bennigan's, dy't sûnt de bankekrisis fan 2008 finansjeel yn 'e swierrichheden kommen binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.