Alanah Rae

Ut Wikipedy
Alanah Rae
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alanah Ray, Alannah Rae,
Scarlett Dreamz
echte namme Elizabeth Collman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 febrewaris 1988
berteplak Freehold (Nij-Jersey)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20082019
offisjele webside
www.alanahrae.com

Alanah Rae, echte namme: Elizabeth Collman (Freehold (Nij-Jersey), 9 febrewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol misstavere wurdt as Alannah Rae of Alanah Ray. Fierders hat hja yn it ferline ek wol wurke ûnder de skûlnamme Scarlett Dreamz. Rae sette yn 2008 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn 2013 waard se nominearre foar in AVN Award. Rae wennet yn Studio City, yn 'e steat Kalifornje.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rae waard yn 1988 berne yn Freehold, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Koart nei har achttjinde jierdei sette se útein mei wurk as stripper yn in stripklub yn Noard-Karolina.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer fan 2008, doe't se tweintich jier wie, makke Rae har debút yn in pornografyske film. Nei eigen sizzen wie har reden om mei in pornokarriêre te begjinnen dat se in ekshibysjoniste is, en dat "it dreech is om gewoane manlju te finen dy't wol yn it iepenbier seks hawwe wolle." Ek sei se dat "it my net giet om it idee fan 'e kamera, mar om 'e kameraman. Ik fyn it geweldich dat dy tasjocht hoe't ik oan it neuken bin. En dan letter fyn ik it geweldich dat wat er filme hat troch safolle minsken besjoen wurdt."

Nei eigen sizzen brûkte Rae yn 't earstoan in buro sûnder fergunning as ympressariaat, dat "skimige" baantsjes foar har fûn fia it ynternet. Yn in fraachpetear sei Rae dêr letter oer: "Dat wiene willekeurige keardels mei fideokamera's, dy't dingen filmen dy't se neitiid rjochtstreeks oan in seksshop ferkochten – of miskien gewoan foar harsels holden." Uteinlik mette Rae lykwols pornoakteur Erik Everhard, en fia dy syn fisazjiste wist se wurk foar de renommearre pornowebsite Reality Kings te besetten. Dêrnei liet se har ynskriuwe by it bekende ympressariaat L.A. Direct Models.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Rae sûnt 2008 yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Jules Jordan Video, New Sensations, Penthouse, Hustler Video, Diabolic Video, Adam & Eve, Red Light District en Digital Sin.

Ek hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Pure Play Media, Third Degree Films, Mike Adriano Media en Platinum X Pictures. Fierders hat Rae ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, las Reality Kings, Naughty America, Bang Bros, Brazzers en Muffia. Yn 2013 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste lesbyske groepsekssêne.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 2009 wie Rae belutsen by in ynsidint mei pornoakteur en earder Amerikaansk wrakselder Jon Koppenhaver, byneamd 'War Machine', mei wa't se doedestiden in relaasje hie. Dêrby soe dy ûnder in feestje by harren thús har slein hawwe (wat se earst befêstige mar letter fia Twitter ûntkende), en dêrnei soed er ferskate manlike gasten te liif gien wêze, wêrûnder syn eigen ympressario Derek Hay (alias Ben English).

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alanah Rae is blank en hat blûn hier en blauwe eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 59 kg. Doe't hja yn 2008 mei har karriêre as pornoaktrise úteinsette, hie hja in natuerlike B-kup. Yn desimber 2008 liet Rae har boarsten lykwols fergrutsje ta in D-kup, en nei in twadde operaasje mids 2009 hat se no kupmaat 34DD. Fierders hat Rae in tatoeaazje tusken har skouderblêden en piercings troch har tonge en nâle.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Asa Akira, Miles Long, Andy San Dimas en Céline Tran) Girlfriends 4

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: