Ekshibisjonisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ekshibysjonisme)
Neakene froulju dy't harren fotografearje litte op 'e iepenbiere dyk.

Ekshibisjonisme[1] (fan it Latynske exhibitus, "ik lit sjen") is it ûntklaaien yn in iepenbier of heal-iepenbier fermidden fan dy dielen fan jins lichem dy't men yn 'e regel inkeld yn beslettenens ûntbleatet, lykas de stuten, de geslachtsdielen of, yn it gefal fan froulju, de boarsten. Sok dwaan kin ûntsprute oan in seksuële winsk of oanstriid om jinsels bleat te jaan oan jins freonen of kunde of oan wyldfrjemden, om redens dy't útien rinne kinne fan it eigen fermaak, oant seksueel geniet, oant de winsk om foarbygongers te shockearjen.

Ekshibisjonisme giet as ferskynsel yn elts gefal werom oant de Aldheid, mei't de Aldgrykske histoarikus Herodotus it al neamde yn syn Histoarjes. Yn in medyske kontekst waard it foar it earst beskreaun yn 1877, troch de Frânske dokter en psychiater Charles Lasègue (1809-1883). As de ekshibisjonistyske oanstriid sa slim is, dat it in normaal sekslibben behinderet of ûnmooglik makket, wurdt it beskôge as in psychologyske ôfwiking, wêrby't it mei soartgelikense seksuële ferskynsels, lykas pedofily, soöfily, travesty en sado-masogisme gearbrocht wurdt ûnder de namme parafily. Yn 'e measte lannen wurdt ekshibisjonisme beskôge as in sedemisdriuw, en kin men derfoar bestraft wurde mei boetes of sels finzenisstraf.

Der besteane ferskate foarmen fan ekshibisjonisme:

  • anasyrma: it optillen fan 'e rôk (of, by manlju, de kilt) as men gjin ûnderguod oan hat, sadat de geslachtsdielen ûntbleate wurde.
  • flashing: it koart sjen litten fan 'e boarsten, troch it topke, T-shirt, himd of oare boppeliifdracht op te tillen (ynklusyf beha, as dy droegen wurdt). Dizze oantsjutting wurdt (minder faak) ek wol brûkt foar it ûnbleatsjen fan 'e geslachtsdielen.
  • kandaulisme: it ûntbleatsjen fan jins seksuële partner op in seksueel eksplisite manear.
  • mooning: it ûntbleatsjen fan 'e stuten troch broek en ûnderguod in eintsje omleech te lûken. Hjirby jildt in dûbele standert foar de geslachten, want as manlju dit dogge, wurdt it opfet as in teken fan minachting, spot of soms humor, wylst it by froulju sjoen wurdt as it sykjen fan seksuële oandacht of opwekjen fan seksuële opwining.
  • streaking: it neaken of hast neaken troch in iepenbier plak hinne draven, yn 'e regel net út seksuële oanstriid, mar om oaren te shockearjen. Dit wurdt gauris dien by sportwedstriden.
  • reflekto-pornografy: in misliedende namme, mei't der ornaris gjin pornografy oan te pas komt; ynstee is dit it jin hielendal of foar in part ûntklaaien foar in spegel of in oar reflektearjend oerflak, en it dêr sels in foto mei nimmen (yn 'e regel mei de mobile tillefoan), dy't neitiid dan op it ynternet set wurdt.
  • webcam-seks: it jin ûntklaaien yn 'e beslettenens fan jins eigen hûs, mar foar de webcam, sadat oare ynternetbrûkers it sjen kinne.
  • obseen tillefoantsje: guon ûndersikers wolle hawwe dat it meitsjen fan in (ûnútlokke) obseen tillefoantsje (it klassike foarbyld is de hijger) in foarm fan ekshibisjonisme is, ek al bestiet der gjin fisueel kontakt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 381.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.