Webcam

Ut Wikipedy
In karakteristike goedkeape webcam.

In webcam, webkamera of ynternetkamera is in fideokamera dy't ferbûn is mei in kompjûter en bylden opnimt dy't er live ôfspilet op in kompjûternetwurk (dat faak it ynternet is). By it opnimmen fan 'e bylden kinne dy opslein wurde om op in oar tiidstip besjoen te wurden of om se troch te stjoeren fia in ynternetferbining of as taheakke by in e-mail. Ek as de bylden earnewêr oars fia in ferbining troch in kompjûternetwurk live besjoen wurde, kinne se dêr opslein wurde foar letter gebrûk. Webcams wurde ornaris mei de kompjûter ferbûn troch in USB-keabel of soartgelikense bekeabeling of binne gewoan yn 'e kompjûter sels ynboud, sa't dat by in protte laptops it gefal is.

Webcams wurde brûkt foar in ferskaat oan doelen en besteane dan ek yn in breed skala oan priisklassen (mei navenante kwaliteiten). Guon webcams wurde bygelyks brûkt as online-ferkearskamera's. Sokke apparaten, dy't dus bûtendoar pleatst wurde, moatte tsjin waar en wyn kinne, en hearre ta de djoerste soarten webcams. Ek wurde webcams wol brûkt foar it yn 'e gaten hâlden fan fûgelnêsten of bistehoalen, sawol om it publyk by de libbene natoer te belûken, as om sokke plakken te befeiligjen tsjin fandalisme en bistemishanneling. Webcams dy't foar soksoarte wurk brûkt wurde, binne ek frij prizich. It bekendst binne webcams lykwols fan live-bylden fia ynternet dy't seksueel tinte binne, lykas stripteases troch webcamgirls. Foar sok binnendoarwurk wurde meastal frij goedkeape kamera's ynset.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.