Seksuële opwining

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In print fan Martin van Maële.

Seksuële opwining is in gefoel fan seksuële begearte ûnder of foarútrinnend op seksuële aktiviteit. Dêrby dogge har in stikmannich fysiologyske feroarings yn it minsklik lichem foar as tarieding op it bedriuwen fan geslachtsmienskip. Feroarings oangeande de geslachtsorganen binne it meast opfallend. Men moat yn dat ramt by manlju tinke oan it krijen fan in ereksje en it produsearjen fan foarfocht, en by froulju fan it hurd wurden fan 'e spiennen, it opsetten fan 'e fagina en klitoris en it produsearjen fan faginaal focht. Ek mentaal dogge har feroarings foar, dy't feroarsake wurde trochdat it lichem beskate hormoanen oanmakket.

Seksuële opwining omfiemet ferskate stadia fan tanimmende opwining. It is mooglik dat dit úteinlik net liedt ta eigentlike seksuële aktiviteit dy't fierder giet as mentale opwining en de fysiologyske feroarings yn it lichem dy't dêr mank mei geane. Dat kin wêze om't ien of beide partners op it lêste momint ôfsjogge fan dy seksuële aktiviteit, of om't se ûnderbrutsen wurde ear't it dêrta komme kin. As seksuële opwining by minsken mank giet mei genôch seksuële stimulaasje, kin der in hichtepunt berikt wurde yn 'e foarm fan in orgasme. Seksuële opwining kin lykwols ek oangenaam wêze en mei opsetsin socht wurde sels as yn 't foar dúdlik is dat der gjin sprake wêze sil fan in orgasme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.