Sekswinkel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Seksshop)

In sekssjop of sekswinkel is in winkel dêr't eroatyske dingen ferkocht wurde, sa as seksboartersguod, pornografysk materiaal, eroatyske linzjery, eroatyske boeken en foarbehoedmiddels, bygelyks kondooms.

Yn de measte westerske jurisdiksjes binne sekssjops legaal, teminsten at der gjin minderjierrigen talitten wurde. Wa't ta minderjierrich rekkene wurdt is ôfhinklik fan de wet fan it lân. Guon steaten steane sekswinkels hielendal net ta, sa as in protte islamityske lannen.

De earste sekssjop yn de wrâld waard oprjochte yn 1962 yn Flensburch, Dútslân troch Beate Uhse.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel of in eardere ferzje derfan is (foar in part) oerset fan de Engelstalige Wikipedia, it falt ûnder de GFDL.