Springe nei ynhâld

J.R. Carrington

Ut Wikipedy
J.R. Carrington
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jody Diane Rose
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 novimber 1968
berteplak Tahoe City (Kalifornje)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 19941999 & 2010 – no
offisjele webside
jrcarrington.com

J.R. Carrington, echte namme: Jody Diane Rose (Tahoe City (Kalifornje), 22 novimber 1968), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Joadsk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 36DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carrington waard yn 1968 berne yn Tahoe City, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, deunby de grins mei Nevada. Hja waard troch har rike, konservatyf-joadske âlden grutbrocht yn Newport Beach, oan 'e Kalifornyske kust, ûnder de reek fan Los Angeles.

Yn 1994 skiede Carrington fan har earste man, wêrnei't se geregeldwei út har doetiidske wenplak South Lake Tahoe nei de gokstêd Reno, yn Nevada, begûn te reizgjen, om dêr as stripper yn in stripklub te wurkjen. Fia-fia berikte in foto fan har it buro fan Mark Carriere, de eigner fan 'e pornografyske filmstudio Leisure Time Entertainment. Dyselde naam doe kontakt op mei Carrington en frege har om mei him út te gean. Carrington gie dêr op yn en ferhuze werom nei súdlik Kalifornje doe't sy en Carriere in relaasje krigen.

Fia Mark Carriere krige Carrington kontakten yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Nei't se dêrta oanmoedige wie troch pornostjer Jenna Jameson makke Carrington ein 1994, doe't se 26 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Dêrby naam se as skûlnamme in kombinaasje oan fan 'e nammen fan har favorite personaazjes út 'e klassike soapsearjes Dallas (J.R. Ewing, spile troch Larry Hagman) en Dynasty (Sammy Jo Carrington, spile troch Heather Locklear).

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Carrington sûnt 1994 yn mear as 140 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as VCA Pictures, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Seymore Butts Home Movies, Sin City, Anabolic Video en Adam & Eve. Yn 1995 spile Carrington ek yn in film (Private Video Magazine 21) fan 'e Sweedske Private-studio.

Carrington wurke yn 'e njoggentiger jierren fiif jier lang yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en wie dêrnjonken ek aktyf as neakenmodel foar manljusblêden as Hustler en High Society. Hoewol't se yn 1999 ophold mei har wurk as pornoaktrise, gie se troch mei te wurkjen as stripper. Tsjin dy tiid hie se as pornostjer safolle bekendheid krigen, dat se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizgje koe en grutte bedraggen binnenhelle. Fierders sette Carrington ek útein mei wurk as escortgirl, en teffens wie se as prostituee aktyf yn in pear legale bordelen yn Nevada, Sheri's Ranch en de bekende Moonlite Bunny Ranch.

Nei in desennium fan ôfwêzigens makke Carrington yn 2010, mei 42 jier, in comeback yn as pornoaktrise. Sûnt hat se noch ferskate nije films makke, benammen foar de lytsere studio Tom Byron Pictures, mar se is fral in protte yn 't spier foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en Naughty America. Dêrnjonken is se fia har eigen webside ek noch altyd aktyf as escortgirl.

J.R. Carrington hat twaris troud west. Har earste houlik, dêr't se twa bern út hat, einige yn 1994, foarôfgeande oan har pornokarriêre, yn in skieding. Hja wertroude yn 2001, en har twadde houlik hâldt noch altyd stân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: