Reno (Nevada)

Ut Wikipedy
Reno
Emblemen
     
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Nevada
County Washoe County
Sifers
Ynwennertal 225.221 (2010)
Oerflak 274,2 km² (ynkl. wetter)
266,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 844,1 / km²
Stêdekloft 425.417 (2012)
Hichte 1.373 m
Oar
Stifting 1859
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 39°31′38″N 119°49′19″W
Offisjele webside
reno.gov
Kaart
De lizzing fan Reno yn Washoe County en yn 'e steat Nevada.

Reno is in stêd yn 'e westlike Amerikaanske steat Nevada. It leit yn 'e woastyn oan 'e foet fan it Sierra Nevada-berchtme, yn it noardwesten fan 'e steat, deunby de grins mei Kalifornje, en is it haadplak fan Washoe County. Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Reno doe goed 225.000 ynwenners, wat it ta de fjirde stêd fan Nevada makket, nei Las Vegas en twa fan 'e foarstêden dêrfan (Henderson en North Las Vegas). Teffens is it (mei Salt Lake City) ien fan 'e beide grutte stedske sintra yn 'e Grutte Dobbe (Great Basin). Mei alle foarstêden derby komt Reno as stêdekloft út op in befolking fan rom 425.000 minsken. Reno, dat de offisjele bynamme fan The Biggest Little City in the World ("De Grutste Lytse Stêd fan 'e Wrâld") fiert, stiet benammen bekend om syn kasinoyndustry en as tagongspoarte fan rekreaasjegebieten as Lake Tahoe (wettersport) en de Sierra Nevada (skyen).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Amerikaanske kolonisten setten har oan it begjin fan 'e 1850-er jierren nei wenjen yn 'e delling fan 'e rivier de Truckee, dêr't se wat komolken en hannel dreaune mei foarbykommende Easterlingen ûnderweis nei Kalifornje. Doe't der yn 1850 goud en yn 1859 sulver yn Nevada ûntdutsen waard, kaam der foar it earst bredere belangstelling foar it gebiet. Yn 1859 lei in Charles W. Fuller der in tolbrêge oer de Truckee oan, dêr't al rillegau in delsettinkje omhinne groeide. Yn 1961 ferkocht Fuller syn tolrjocht oan Myron C. Lake, dy't de delsetting de namme joech fan Lake's Crossing. Doe't om 1865 hinne de Central Pacific Railroad út Kalifornje wei de spoarline nei it easten begûn oan te lizzen dy't úteinlik it Earste Transkontinintale Spoar wurde soe, skonk Lake dêr grûn oan om te bewissigjen dat it spoar by Lake's Crossing lâns komme soe te rinnen. Yn 1868 wie it Earste Transkontinintale Spoar in feit, en koart dêrnei waard Lake's Crossing troch de spoarmaatskippij omneamd ta Reno, ta eare fan generaal-majoar Jesse L. Reno, in Noardlike ofsier dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch sneuvele wie yn 'e Slach by South Mountain.

De skyline fan Reno.

Yn 1871 waard Reno it haadplak fan Washoe County, al bleaune de mynboustêden yn 'e steat kwa befolking en politike macht noch lange tiid it wichtichst. Doe't de minen geandewei de tweintichste iuw útdien begûnen te reitsjen, ferskode it swiertepunt lykwols nei better sitewearre plakken yn Nevada, lykas Reno en Las Vegas, dy't begûnen te groeien wylst de mynbouplakken ta útstoarne spûkstedsjes ferwaarden. Yn 1931 legalisearre de steat Nevada gokken en teffens de foar dy tiid frijste skiedingswetten fan 'e Feriene Steaten. Sa't lju no nei Las Vegas geane om te trouwen, sa kamen se doedestiden nei Reno ta om te skieden. Uteinlik waard ek yn 'e rest fan it lân in frije skiedingswetjouwing oannommen, en drûge dy boarne fan ynkomsten sadwaande op. De kasinoyndustry bleau lykwols noch hiel lang wichtich.

Reno hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de 1950-er jierren wie Reno dé gokhaadstêd fan 'e Feriene Steaten, mar sûnt is Las Vegas it fier foarbygroeid, en fan 2000 ôf hat it boppedat te lijen fan 'e sterke groei oan Yndiaanske kasino's yn Kalifornje. Likegoed steane der noch altiten fjouwer kasino's yn 'e top tsien fan grutste wurkjouwers fan Reno. Nei it skoalstelsel fan Washoe County is lykwols de Universiteit fan Nevada, Reno mei mear as 4.700 banen de grutste wurkjouwer yn 'e stêd. Dat is de âldste universiteit fan 'e steat Nevada, oprjochte yn 1874.

Reno wurdt betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Reno-Tahoe, wêrmei't it de tagongspoarte is ta sawol trije wichtige wettersport- en wetterrekreaasjegebieten (Lake Tahoe, de rivier de Truckee en Pyramid Lake), as acht ûnderskate skygebieten yn 'e Sierra Nevada: Northstar California, Sierra-at-Tahoe, Alpine Meadows, Squaw Valley, Sugar Bowl, Diamond Peak, Heavenly Mountain en Mount Rose. Al dy rekreaasjekriten lizzen op in ôfstân fan tusken de 18 en 158 km fan Reno.

Op 'e skypystes boppe Lake Tahoe.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Reno 11,7% âlder as 65 jier en 22,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 62,5% blanken; 24,3% Latino's; 6,3% Aziaten; 2,9% swarten; 1,3% Yndianen; 0,7% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reno hat in tige drûch steppeklimaat, mei mylde winters en hjitte simmers. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,4 °C, en yn desimber en jannewaris, de kâldste moannen, is dat 7,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 10 en 11 july 2002 en nochris op 5 july 2007, en –27 °C op 21 jannewaris 1916. Reno kriget jiers trochinoar 185,4 mm delslach, wêrfan't in grut part winterdeis falt, yn 'e foarm fan 'e trochsneed jierlikse 54,6 sm snie. Dat Reno sa'n drûch klimaat hat, is fierhinne te ferklearjen trochdat it yn it reinskaad fan 'e Sierra Nevada leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.