Alexis Love

Ut Wikipedy
Alexis Love
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alixus, Milena
echte namme Donna Nicole Gutierrez
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 april 1988
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20062013 & 20152020
offisjele webside
gjint

Alexus Love, echte namme: Donna Nicole Gutierrez (Sacramento (Kalifornje), 7 april 1988), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Meksikaansk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenammen Alixus en Milena. Hja sette yn 2006 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en stiet bekend as de Little Latin Princess, fanwegen har jongeftich foarkommen en behindich postuer. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 43 kg en in natuerlike kupmaat 32B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Love is hikke en tein yn 'e Kalifornyske steatshaadstêd Sacramento, dêr't se yn 1988 berne waard. Nei eigen sizzen hie se har earste seksuële ûnderfining doe't se fyftjin jier wie. Yn july 2006, doe't se achttjin jier wie, ferfear se nei Los Angeles, dêr't se al rillegau by de pornoyndustry belutsen rekke nei't se ris in freondinne dy't as pornoaktrise wurke, beselskippe nei de set fan in pornofilm.

Yn augustus fan datselde jier makke Love har eigen debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 225 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Digital Playground, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Red Light District, Jules Jordan Video, Sin City, Adam & Eve, Penthouse, Hustler Video, VCA Pictures, Anabolic Video, Shane's World, Diabolic Video, Devil's Film, Platinum X Pictures en Pure Play Media.

Dêrnjonken hat Love ek wurke foar ferskate Jeropeeske studio's, wêrûnder it Sweedske Private-label en it dêr nau mei ferbûne Frânske Woodman Entertainment. Ek hat se wol yn 'e spier west foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en BreeOlson.com. Yn 2008 waard Love nominearre foar twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Yn 2013 loek se har út 'e pornoyndustry werom, mar yn 2015 makke se in comeback. Njonken har aktearwurk is Love ek aktyf as neakenmodel. Yn dy hoedanichheid stie hja yn maaie 2008 as de Penthouse Pet of the Month yn it neakenblêd Penthouse.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Daisy Marie en Emmanuel Delcour) Façade
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre 'wiete dream' (cream dream) n.f.t.
2009 XRCO Award nominearre 'wiete dream' (cream dream) n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: