Katie St. Ives

Ut Wikipedy
Katie St. Ives
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kerri, Lilith Rose
echte namme Zoey Noel Davis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 desimber 1988
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Kubaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
www.katiestivesxxx.com

Katie St. Ives, echte namme: Zoey Noel Davis (Los Angeles, 19 desimber 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk-Kubaansk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kerri en Lilith Rose. Hja sette yn 2009 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se hat seis kear nominearre west foar in AVN Award.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katie St. Ives waard yn 1988 berne yn Sherman Oaks, in wyk fan Los Angeles, as de dochter fan in mem fan Kubaansk komôf en in heit dy't heal Dútsk en heal Kubaansk wie. As bern woe St. Ives graach kok wurde. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke se as winkelbetsjinde yn ferskate supermerken, as kassiêre yn in Target-filiaal, as servearster yn in restaurant en as tillefoniste yn in callcenter yn 'e steat Iowa.

Yn 2009, doe't se tweintich jier wie, makke St. Ives har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin ein 2016 yn mear as 275 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Digital Sin, New Sensations, Evil Angel, Hustler Video, Diabolic Video, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Devil's Film, Anabolic Video, Vidéo Marc Dorcel, Adam & Eve, Shane's World en Red Light District.

Fierders hat St. Ives ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Third Degree Films, Metro, Mile High Media, Girlfriends Films, Pure Play Media en Black Ice. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers en Naughty America. Under har karriêre hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, Tom Byron, James Deen, Shane Diesel, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Billy Glide, Tommy Gunn, Keiran Lee, Mr. Marcus, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Herschel Savage, Johnny Sins, Criss Strokes, Lexington Steele en Michael Stefano.

Tusken 2010 en 2015 waard St. Ives seis kear nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel, en yn dy hoedanichheid hat se posearre foar in ferskaat oan neakenblêden. Yn har frije tiid mei St. Ives nei eigen sizzen graach swimme en kuierje.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katie St. Ives is blank, mei griene eagen en brún, krôljend hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat St. Ives ek in tongpiercing en in hûdpiercing mei in lyts berchkristaltsje dertroch yn 'e midden fan har boarst. Teffens hat se ferskate tatoeaazjes: in reade roas op har rjochterskouderblêd, in draak tusken har skouderblêden yn (oer in âldere tatoeaazje fan 'e tekst "Daddy's Lil Taz" hinne); in flinter op har lofterheup; de letters "LA" op har rjochterside; in pear blauwe hertsjes efter har lofterear, in lyts pylkje efter har rjochterear; en in kannabisblêd op har lofterankel.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste P.O.V.-sekssêne Jerkoff Material 3
2011 AVN Award nominearre bêste P.O.V.-sekssêne Fucked on Sight 8
nominearre bêste nij stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) Party Girls
2013 AVN Award nominearre bêste solosekssêne I Love Big Toys 35
2001 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Dana DeArmond, Dillion Harper, Karmen Karma, Sara Luvv, Jessica Madison, Rilynn Rae,
Chad Alva, Daniel Hunter, Jessy Jones, Jason Matrix en Bradley Remington)
Private Lives

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: