Keiran Lee

Ut Wikipedy
Keiran Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adam Lee Diksa
nasjonaliteit Britsk
berne 15 jannewaris 1984
berteplak Derby (Ingelân)
etnisiteit Yndysk
Ingelsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
Keiran Lee op Twitter

Keiran Lee, echte namme: Adam Lee Diksa (Derby (Ingelân), 15 jannewaris 1984), is in Britsk pornografysk akteur fan mingd Yndysk-Ingelsk etnysk komôf. Hy begûn yn 2007 oan in wurkpaad yn 'e de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2007 wûn er in UKAFTA yn 'e kategory bêste manlike akteur, en yn 2016 waard him de publykspriis fan 'e AVN Awards takend foar favorite manlike artyst. Lee hat troud west mei de ferneamd Sweedske pornoaktrise Puma Swede.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lee waard yn 1984 berne yn Derby, yn it Ingelske greefskip Derbyshire. Hy hat in etnysk Ingelske mem en in heit waans famylje oft út Yndia komt.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007, doe't er 23 jier wie, sette Lee útein mei in karriêre as pornoakteur. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hied er tsjin ein 2016 yn krapoan 1.300 films en losse sênes spile. Dêrby wied er benammen aktyf yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Lee is in fêste meiwurker fan 'e pornowebside Brazzers, dêr't er yn 2008 in eksklusyf twajierrich kontrakt mei tekene, dat letter ferlinge waard. Dêrnjonken hat er ek wol wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Playground en Jules Jordan Video. Yn Jeropa wied er fierders yn 't spier foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel.

Under syn karriêre wurke Lee gear mei aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, August Ames, Alexis Amore, Andi Anderson, Brittany Andrews, Eva Angelina, A.J. Applegate, Davia Ardell, Veronica Avluv, Bridgette B, Briana Banks, Cassidy Banks, Nyomi Banxxx, Lexi Belle, Bella Bellz, Yurizan Beltrán, Breanne Benson, Nikki Benz, Carmella Bing, Audrey Bitoni, Summer Brielle, Amy Brooke, Abbey Brooks, Kaycee Brooks, Codi Bryant (America Moore), Hunter Bryce, Casey Calvert, Charisma Cappelli, Kayla Carrera, Mercedes Carrera, J.R. Carrington, Lily Carter, Brooklyn Chase, Vicki Chase, Adriana Chechik, Cherokee, Cassandra Cruz, Courtney Cummz, Daisy Marie, Claire Dames, Dana DeArmond, Deauxma, Sophie Dee, Ava Devine, Devon, Gia DiMarco, Kelly Divine, Tiffany Doll, Shay Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Alexis Ford, Diamond Foxxx, Savannah Gold, Esperanza Gomez, Keisha Grey, Aaliyah Hadid, Holly Halston, Dillion Harper, Allie Haze, Jenna Haze, Jenny Hendrix, Houston, Kylie Ireland, Diamond Jackson, Jewels Jade, Jasmine Jae, Franceska Jaimes, Nikita von James, Jesse Jane, Sara Jay, Peta Jensen, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Victoria June, Kortney Kane, Eva Karera, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, London Keyes, Austin Kincaid, Diamond Kitty, Katie Kox, Remy LaCroix, Shayla LaVeaux, Melissa Lauren, Eve Laurence, Francesca Le, Brooklyn Lee, McKenzie Lee, Mia Lelani, Shawna Lenée, Lea Lexis, Alina Li, Lisa Ann, Lexxxi Lockhart, Kerry Louise, Brandi Love, Brianna Love, Shy Love, Mya Luanna, Kendra Lust, Loona Luxx, Gina Lynn, Krissy Lynn, Christy Mack, Mariah Madysinn, Candy Manson, Madelyn Marie, Janet Mason, Tanner Mayes, Jynx Maze, Kiara Mia, Trina Michaels, Mariah Milano, Moriah Mills, Kelsi Monroe, Memphis Monroe, Carmel Moore, Mason Moore, Tiffany Mynx, Valentina Nappi, Mya Nichole, Nika Noire, Skyla Novea, Aletta Ocean, Brittany O'Neill, Gabriella Paltrova, Madison Parker, Priva, Alanah Rae, Priya Rai, Romi Rain, Veronica Rayne, Ricki Raxxx, Riley Reid, Rhylee en Rhyse Richards, Amy Ried, Jaylene Rio, Abby Rode, Veronica Rodriguez, Kristina Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Dylan Ryder, Katie St. Ives, Andy San Dimas, Mônica Santhiago, Sensual Jane, Sheena Shaw, Vanessa Sky, Vina Sky, Dakota Skye, Kendra Spade, Lela Star, Bobbi Starr, Rachel Starr, Riley Steele, Jada Stevens, Misty Stone, Delilah Strong, Kylee Strutt, Kapri Styles, Shyla Stylez, India Summer, Puma Swede, August Taylor, Alexis Texas, Teanna Trump, Flower Tucci, Angelina Valentine, Juelz Ventura, Jezabel Vessir, Jessie Volt, Taylor Wane, Teri Weigel, Sienna West, Delta White, Jennifer White en Ricki White.

Lee boude yn 'e Feriene Steaten al rillegau in grutte populariteit op, net allinnich fanwegen syn mânske penis, mar ek fral omreden fan syn Ingelske aksint, dat dêr oer it algemien as tige seksy beskôge wurdt. De rollen dy't er fertolke hat, rinne útinoar fan in ûndogenske skoaljonge dy't syn milfeftige skoaljuffer sjantearret, oant in revolverdragende western-sheriff, oant in ûntsnapte finzene dy't in boarstige jonge omstanner op syn paad fynt. Yn 2007 wûn Lee de UK Adult Film and Television Award yn 'e kategory bêste manlike akteur. Neitiid waard er trije kear op rige, yn 2011, 2012 en 2013, nominearre foar de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory manlike artyst fan it jier. Yn 2016 wûn er einlings syn earste AVN Award, de publykspriis foar favorite manlike artyst.

Yn 2012 pleatste Brazzers in grut reklameboerd mei dêrop û.m. in foto fan Lee oan Sunset Boulevard, in bekende strjitte yn Los Angeles. De reklamekampanje dêr't dat boerd ûnderdiel fan útmakke, waard yn 2013 nominearre foar in Xbiz Award yn 'e kategory marketingkampanje fan it jier. Yn 2012 kaam Lee ek yn it nijs doe't er syn penis foar £645.000 (of rûchwei $1 miljoen) fersekerje liet by fersekeringsmaatskippij Lloyd's of London. Yn febrewaris 2012 naam Lee diel oan 'e ôflevering Porn Star Sex fan it kontroversjele praatprogramma The Jerry Springer Show, fan presintator Jerry Springer. Yn 2016 presintearre Lee sels, yn 'e mande mei syn froulike kollega's Asa Akira, Lexi Belle, Tori Black en Remy LaCroix, it realitytillefyzjeprogramma The Sex Factor, in talintejacht foar nije pornoakteurs en -aktrises op 'e webside xHamster. Njonken syn aktearwurk regissearre Lee yn oktober 2013 ien pornofilm, nammentlik Hot Chicks, Big Fangs foar de studio Digital Playground.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keiran Lee ferloofde him yn 2008 mei de Sweedske pornoaktrise Puma Swede. Op 23 febrewaris 2009 fûn harren houlik plak, wêrnei't se ferskate jierren troud wiene. Uteinlik rûn it houlik op in skieding út. Neitiid wertroude Lee mei de Amerikaanske pornoaktrise Kirsten Price.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 UK Adult Film and Television Award wûn bêste manlike akteur n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Chloe Delaure, Emily Doll en Steve Holmes) Nasty Intentions
2010 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Keisha Kane en Amber Leigh) Pervertz!
nominearre meast ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award wûn favorite manlike artyst (publykspriis) n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: