Teanna Trump

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Teanna Trump
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Teanna Trump.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Teanna Sweet, Teanna Smile,
Teanna Smiles, Teanna West,
Keanna Jones
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 19 augustus 1995
berteplak ? (Indiana)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Teanna Trump op Twitter

Teanna Trump, echte namme ûnbekend (yn Indiana, 19 augustus 1995), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hja makket ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Teanna Sweet, Teanna Smile, Teanna Smiles, Teanna West en Keanna Jones. Trump sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trump waard yn 1995 berne yn 'e Amerikaanske steat Indiana. Yn 2014, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as santich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Evil Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Devil's Film, Diabolic Video, Wicked Pictures, Digital Sin, Elegant Angel, Digital Playground en New Sensations.

Fierders hat Trump ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Girlfriends Films, Mile High Media en West Coast Productions. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers en Kink.com. Under har karriêre hat Trump gearwurke mei kollega-aktrises as Asa Akira, Skin Diamond, Ana Foxxx, Francesca Le, Jada Stevens, Misty Stone en Jezabel Vessir, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Danny D, James Deen, Shane Diesel, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Keiran Lee, Ramon Nomar, Mr. Pete, Johnny Sins, Lexington Steele, Criss Strokes en Mark Wood.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teanna Trump is negroïde, mar mei in hiel ljochte hûdskleur, sadat se suver wol trochgean kin foar blank. Hja hat brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: