Francesca Le
Francesca Le | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Francesca Lé, Francesca Lee, Francesca Leigh, Francesca Lei, Erica Estrada, Francesca | |
echte namme | Erika Sherwood | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 28 desimber 1970 | |
berteplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Meksikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 1992 – 1994 & 2000 – no | |
offisjele webside | ||
www.francescalive.com |
Francesca Le, echte namme: Erika Sherwood (Los Angeles, 28 desimber 1970), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Meksikaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Francesca Lé, Francesca Lee, Francesca Leigh en Francesca Lei, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Erica Estrada en Francesca. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 34C.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Francesca Le, dy't in nicht fan pornoaktrise Krystal Summers is, waard ein 1970 berne yn it Kalifornyske Los Angeles. Se begûn yn 1990 as neakenmodel te posearjen foar ûnderskate Amerikaanske neakenblêden, en wurke letter ek as stripper yn guon stripklubs. Yn 1992, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Yn 1994 hold Le op mei aktearjen, en sette se ynstee útein mei it regisearjen fan pornofilms. Nei 1997 wurke se ek op 'e ferkeapôfdieling fan 'e pornostudio Extreme Associates, dêr't se yn 'e kunde kaam mei har lettere man, pornoakteur Mark Wood.
Yn 2000 makke Le har comeback as pornoaktrise. Yn 2002 troude se mei Wood, en datselde jiers rjochten se tegearre it pornolabel LeWood Productions op, dat syn distribúsje oarspronklik dwaan liet troch Exquisite Multimedia en Juicy Entertainment, mar sûnt 2012 in op dat mêd in oerienkomst hat mei pornogigant Evil Angel. Mids 2014 wie Le noch altyd aktyf as sawol pornoaktrise as pornoregisseur.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja ûnderwilens yn mear as 520 pornofilms spile, wylst se der mear as 130 regisearre hat. Dêrby hat se û.m. wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Elegant Angel, Third Degree Films, Zero Tolerance, VCA Pictures, Diabolic Video, Devil's Film, Sin City, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Digital Playground, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Red Light District en Anabolic Video. Teffens hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Kink.com en Muffia. Le hat troch de jierren hinne 2 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornoyndustry) wûn, wylst se foar nochris 8 oaren nominearre west hat. Se is ynhuldige yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Ek wûn se yn 2014 noch in XRCO Award foar milf fan it jier.
Yn 2011 hie Francesca Le in lyts iroanysk kameoroltsje yn 'e fideoklip fan it nûmer P.A.P. (People against Porn) fan 'e Noarske technomuzikanten Da Tweekaz. Dat waard produsearre troch muzykprodusint Dirty Workz.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1994 | AVN Award | wûn | bêste groepsekssêne (film) (mei Crystal Wilder, Tiffany Million, Lacy Rose, Jon Dough en Rocco Siffredi) | New Wave Hookers 3 |
2005 | AVN Award | wûn | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Ava Devine, Guy DiSilva, Rod Fontana, Steven French, Scott Lyons, Mario Rossi en Arnold Schwarzenpecker) |
Cum Swallowing Whores 2 |
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
2007 | XRCO Award | ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Stephanie Swift) | Girlvana 3 |
2009 | CAVR Award | wûn | milf fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | milf fan it jier | n.f.t. | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Tori Black, Ben English en Anthony Rosano) | TMSleaze |
nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | milf fan it jier | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Kelly Divine, Jasmyn Jolie en Phoenix Marie) | F for Francesca |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Chris Charming en Prince Yahshua) | F for Francesca | ||
nominearre | milf/cougar-artyste fan it jieer | n.f.t. | ||
Urban X Award | ynhuldige | Urban X Hall of Fame | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. |
2013 | AVN Award | nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | milf fan it jier | n.f.t. | |
2014 | XRCO Award | wûn | milf fan it jier | n.f.t. |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Francesca Le
- (in) Biografy en filmografy fan Francesca Le yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Francesca Leyn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|