Sunset Boulevard

Ut Wikipedy
Sunset Boulevard yn Beverly Hills.
In plattegrûn fan in diel fan Los Angeles mei Sunset Boulevard werjûn yn grien.
It Beverly Hills Hotel, oan Sunset Boulevard.

Sunset Boulevard (Ingelsk foar "Bûlevaar fan de Sinne-ûndergong") is in brede trochgeande wei of strjitte yn it sintrale en westlike diel fan 'e Los Angeles County, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dizze strjitte is likernôch 35 km lang en rint fan 'e binnenstêd fan Los Angeles yn westlike rjochting rûchwei by de bôge fan bergen lâns dy't de noardlike ôffreding fan 'e Los Angeles-dobbe foarmje, om oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan út te kommen op 'e Pacific Coast Highway. De rûte dy't Sunset Boulevard foarmet is rûchwei deselde as dy fan in earder feedriuwerspaad dat yn 'e 1780-er jierren ûntstie om kij út de Pueblo de Los Angeles nei see ta te driuwen. Sunset Boulevard stiet derom bekend dat der geregeldwei filefoarming plakfynt.

De eastlike útein fan Sunset Boulevard is in ôfslach fan Figueroa Street, yn 'e Los Anzjelynske binnenstêd, hoewol't de strjitte histoarysk noch fierder yn eastlike rjochting trochrûn, oant Alameda Street, deunby it Union Station-treinstasjon. Tsjintwurdich rint Sunset Boulevard fan Figueroa Street earst ferskate kilometers nei it noardwesten, nei de ferneamde wyk Hollywood, dêr't er yn in rjochte line dwers trochhinne rint nei it westen ta, om dêrnei ôf te bûgen nei it súdwesten en dan op 'e oseaan ta te meänderjen.

Ear't er Hollywood berikt, rint Sunset Boulevard ek troch of bylâns de wiken Echo Park, Silver Lake en Los Feliz. Oare kant Hollywood rint de strjitte troch de selsstannige stêden West Hollywood en Beverly Hills, en dan troch Holmby Hills en Bel-Air, dat wer wiken fan Los Angeles binne. Yn Bel-Air foarmet Sunset Boulevard de noardgrins fan 'e Westwood-kampus fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA). De strjitte ferfolget syn wei dêrnei troch de Los Anzjelynske wiken Brentwood en Pacific Palisades. Dêr komt er út op in krúspunt fan 'e Pacific Coast Highway, dat in trochgeande autosnelwei is dy't op dat punt ôfbûcht nei it westen ta en dêrby de Kalifornyske kust fan 'e Stille Oseaan folget.

Oan Sunset Boulevard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.