Vanessa Sky

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Vanessa Sky
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Vanessa Sky.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Vanessa Cyrus, Vanessa Glam,
Vanessa Angel, Vanessa Sweet
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 4 maart 1996
berteplak Rapid City (Súd-Dakota)
etnisiteit Flagge fan Latino's (FS).png Latino
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Vanessa Sky op Twitter

Vanessa Sky, echte namme ûnbekend (Rapid City (Súd-Dakota), 4 maart 1996), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Latino-komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Vanessa Cyrus, Vanessa Glam, Vanessa Angel en Vanessa Sweet. Sky sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vanessa Sky waard yn 1996 berne yn Rapid City, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Yn 2017, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2019 yn likernôch 55 films spile.

Sky hat spile yn films fan sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media en Metro. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Vanessa Sky gearwurke mei kollega-aktrises as Vienna Black, Victoria June en Cindy Starfall, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Keiran Lee, J. Mac, Ramon Nomar, Mr. Pete, Lexington Steele en Mark Wood.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vanessa Sky is in Latina mei in ljochtbrune hûdskleur. Fierders hat se brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike cupmaat 32B. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Sky ek in nâlpiercing.

Ek hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder roazen op har rjochterskouder, in pauwefear op har rjochterpols, de tekst "Walk by faith" op har rjochterside ûnder har boarst, in lytse reade tatoeaazje oan 'e rjochterkant fan har ûnderbúk, in omleechwizend pistoal op har lofterheup, en in kolom fan ferskate symboalen fan boppen nei ûnderen oer har wringe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: